Edeko
Edeko wie in Skierske haadling (hartoch). Hy is de heit fan Odoaker, dy't letter magister militum fan it Romeinske Ryk waard.
Om 450 hinne wienen de Skieren fazallen fan de Hunnen en stie Edeko yn heech oansjen oan it hof fan Attila, krekas Ardarik, de kening fan de Gepiden. Neffens de oerlevering behoede er Attila sels foar in oanslach op dy syn libben. Yn de slach op de Katalaunyske fjilden focht hy mei oan de side fan de Hunnen.
Literatuer
bewurkje seksje- F. Lot, De Germaansche invasies. De versmelting van de Barbaarsche en Romeinsche wereld, De Haach, 1939.