De Edens is in nôtmûne yn Wynskoat, Grinslân. It is de âldste mûne fan 'e trije mûnen fan Wynskoat en tagelyk ek fan 'e provinsje Grinslân.

Mûne Edens
mûne / mole
lokaasje
provinsje Grinslân
gemeente Aldamt
plak Wynskoat
adres Nassaustrjitte 14
bysûnderheden
type mûne stellingmûne
funksje nôtmûne
flecht 22,4 m
boujier 1762/1870/2007
oare ynformaasje
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 39010 [1]
Webside
FB-side fan de Edens
Kaart
Edens (Grinslân)
Edens

Nei alle gedachten waard de mûne yn 1763 as pelmûne boud en letter ek as nôtmûne ynrjochte. Hjoed-de-dei is allinne it mealwurk noch oanwêzich. Yn 1870 waard de mûne hegere makke. Foar de grutte joadske mienskip fan Wynskoat waard op De Edens ûnder tafersjoch fan it rabbinaat eartiids neffens de koustere spiiswetten mealt.

In grutte restauraasje fûn yn 1985 plak en sûnt wurket de mûne troch frijwilligers.

Om't in nij appartemintenkompleks tichteby de mûne in soad wyn opkearde, liet de gemeente, dy't yn dy tiid eigner wie, yn 2006 de stiennen ûnderbou fan de mûne mei trije meter ferheegje. Njonken de âldste mûne is de Edens dêrfandinne ek de heechste fan 'e provinsje. De flecht is 22,40 m. en sûnt de restauraasje fan 'e mûne yn 'e jierren 1980 hawwe de wjukken Ald-Hollânsk hekwurk.

Tegearre mei de twa oare mûnen Berg en Dijkstra foarmet de mûne in karakteristyk monumint yn 'e mûnestêd Wynskoat. De tsjintwurdige eigner is de gemeente Aldamt, dêr't Wynskoat sûnt 2010 by heart.

Ek it mûndershûs út 1774 is noch oanwêzich.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: