Edgar Award

(Trochferwiisd fan Edgar Allan Poe Award)

De Edgar Awards of de Edgars, eins folút de Edgar Allan Poe Awards, binne in groep Amerikaanske prizen dy't sûnt 1946 elts jier útrikt wurde foar de bêste wurken fan it misdiesjenre út it foargeande jier, op it mêd fan literatuer, non-fiksje, toaniel, tillefyzje en film. De tawizing fan 'e prizen wurdt ferrjochte troch de Mystery Writers of America (MWA), in feriening fan Amerikaanske misdieskriuwers, en de útrikking fynt plak by in galaseremoanje dy't holden wurdt yn New York. De Edgar Award is de wichtichtste priis fan 'e wrâld yn syn sjenre. De priis is ferneamd nei de romrofte njoggentjinde-iuwske skriuwer en dichter Edgar Allan Poe.

Edgar Allan Poe Award
Edgar of Edgar Award
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
útrikt foar misdiesjenre
útrikt troch Mystery Writers of America
frekwinsje 1x jiers
plak New York (New York)
1e útrikking 1946
offisjele webside
www.mysterywriters.org

Kategoryen bewurkje seksje

De Edgar Awards wurde útrikt yn 'e folgjende kategoryen:

reguliere kategoryen
spesjale kategoryen
  • bysûndere Edgar (út en troch útrikt)
  • Robert L. Fish Memorial Award for First Mystery Short Story
  • Raven Award
  • Grand Master Award
  • Ellery Queen Award
  • Mary Higgins Clark Award

Ofskafte kategoryen bewurkje seksje

Eardere kategoryen wiene:

  • bêste harkspul (1946-1960)
  • bêste skiedkundige wurk oangeande misdie (1946-1967)
  • bêste bûtenlânske film (1949-1966)
  • bêste omslach fan in boek (1955-1975)

Winners bewurkje seksje

Foar in list mei winners, sjoch op dizze side, op 'e Ingelske Wikipedy.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.