Edmond Guerrier (folút: Edmond Gasseau Choteau Le Guerrier, letter ferbastere ta Edmund Geary; oan 'e Smoky Hill Rivier (Kansas), 16 jannewaris 1840Geary (Oklahoma), 1921) wie in Amerikaansk keapman fan mingd Frânsk en Súdlik Sjajinsk etnysk komôf, dy't yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw as tolk wurke foar de Amerikaanske autoriteiten by it sluten fan ferskate wichtige ferdraggen mei de Flakte-Yndianen. Letter sette er him nei wenjen yn Oklahoma, dêr't er in súksesfol feeboer waard.

Edmond Guerrier
persoanlike bysûnderheden
echte namme Edmond Gasseau Choteau
   Le Guerrier
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 16 jannewaris 1840
berteplak o/d Smoky Hill Rivier (Kansas)
stoarn 1921
stjerplak Geary (Oklahoma)
etnisiteit Frânsk
Súdlik Sjajinsk
wurkpaad
berop/amt keapman, feehâlder
aktyf as tolk
jierren aktyf 19651884
reden
  bekendheid
wie tolk by sluten f. ferskate
   wichtige ferdraggen

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding

bewurkje seksje

Guerrier waard yn 1840 berne yn in Sjajinsk kamp oan 'e Smoky Hill Rivier yn wat no de Amerikaanske steat Kansas is. Syn heit wie William Guerrier, in Frânsman dy't yn 1812 berne wie yn St. Louis en letter yn 'e tsjinst kaam te stean fan 'e pelzekeapman William Bent. Syn mem wie in Súdlik Sjajinske frou mei de namme Rint-yn-Sicht (Tatatvane), dy't ta de Wutapai-troep fan opperhaad Lytse Rots hearde.

Yn 1848 naam syn heit ûntslach by Bent om yn gearwurking mei in Seth Edmund Ward in eigen hannelsûndernimming te begjinnen yn 'e krite fan 'e rivieren de Platte en Arkansas, wêrby't er úteinlik in eigen hannelspost iepene oan 'e Platte. Guerrier syn mem en har nije poppe kamen yn 1849 om by in goalera-epidemy. Yn 1851 waard Guerrier troch syn heit nei in roomske missyskoalle by it hjoeddeiske St. Marys, yn Kansas, ta stjoerd, en letter waard er ynskreaun oan 'e Universiteit fan St. Louis. Nei syn heite ferstjerren, yn 1857, briek Guerrier lykwols syn stúdzje ôf om him by syn memme folk te jaan, dy't him Readsturthauk neamden.

Op 29 novimber 1864 wie Guerrier yn it winterkamp fan it opperhaad Swarte Tsjettel, oan 'e Big Sandy Creek yn Kolorado. Dy deis ûntkaam er mar kwealk oan 'e dea by it saneamde Bloedbad fan Sand Creek, doe't it freedsume doarp op ferriedlike wize oerfallen en útmoarde waard troch in 700 man sterke Amerikaanske miltêre ienheid fan 'e territoriale milysje fan Kolorado, ûnder lieding fan kolonel John M. Chivington.

Om 1865 hinne troude Guerrier mei Julia Bent, de dochter fan William Bent en de suster fan keapman George Bent. Hy wurke as tolk foar it Amerikaanske Ministearje fan Binnenlânske Saken en wie yn dy hoedanichheid yn 1865 belutsen by de ûnderhannelings tusken de Amerikanen en ferskate Yndianestammen, dy't foarôfgiene oan it sluten fan it Ferdrach fan de Lytse Arkansas. Nei't er in hoartsje wurke hie foar in David A. Butterfield, in wapenkeapman, waard er op 'e nij ynhierd troch as tolk, diskear troch it Amerikaansk Ministearje fan Oarloch, dat him yndielde by it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint. Dêr spile Guerrier in krúsjale rol yn 'e kommunikaasje tusken de Amerikanen en de Sjajinnen ûnder de Hancock-ekspedysje fan 1867, ûnder lieding fan generaal-majoar Winfield S. Hancock. Neitiid wied er datselde jiers ek as tolk aktyf by de ûnderhannelings dy't laten ta it Ferdrach fan Medicine Lodge.

Guerrier libbe yn augustus 1868 oan 'e rivier de Pawnee by de troep fan Lytse Rots, doe't er hearde fan 'e gewelddiedige oerfallen dy't in grutte groep krigers útfierd hie op 'e blanke delsettings oan 'e rivieren de Saline en de Solomon, yn Kansas. Letter lange er datoangeande in ûndertekene tsjûgeferklearring oer oan it Amerikaanske Leger wêryn't er de oangeande krigers identifisearre. Yn 1869 fungearre Guerrier as tolk foar it Amerikaanske Fyfde Kavaleryrezjimint ûnder generaal-majoar Eugene A. Carr, en dêrnei fûn er wurk as keapman yn Fort Supply foar de firma Lee & Reynolds.

Doe't Sjajinske delegaasjes yn 1871 en 1884 de Amerikaanske haadstêd Washington, D.C. besochten, waard Guerrier fannijs troch it Ministearje fan Binnenlânske Saken frege om te tolkjen. Letter sette er him nei wenjen yn Oklahoma, dêr't er in súksesfolle feepleats begûn. Yn 'e neite dêrfan ûntstie in stedsje dat nei him ferneamd waard, mar om't de Amerikanen syn Frânske efternamme mar dreech út te sprekken fûnen, kaam it Geary te hjitten. Guerrier kaam yn 1921 op syn pleats by Geary te ferstjerren yn 'e âlderdom fan 81 jier.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.