Edufrysk is in inisjatyf fan de Afûk, dat úteinset is yn 2006. Edufrysk is in ynternetomjouwing dêr’t minsken Frysk leare kinne. Frystalige minsken kinne staverjen leare en harren kennis fan it Frysk ferdjipje en net-Frysktaligen kinne Frysk leare as frjemde taal.

De EduFryskomjouwing soarget foar hieltyd nije teksten, ferhalen en gedichten dy´t lêzen en fuortendaliks ek beharke wurde kinne, der binne fideofragminten te sjen mei in Fryske ûndertiteling en der is in soad muzyk, mei teksten dy´t meirinne. Alle Fryske wurden yn dy omjouwing binne keppele oan de Nederlânske oersetting derfan dy´t yn in pop-up ferskynt as de mûs der oer hinne glidet.

Edufrysk kin brûkt wurde op in wize dy’t oanslút by de minsken sels. Minsken kinne gewoan harkje nei teksten, lêze en dan nei sizze. Mar der kin ek oefene wurde mei stavering, wurdsjes deryn stampe. It is allegear mooglik mei EduFrysk. It is oan te minsken sels om te bepalen hoe en wat se dogge.

Mercator wol Edufrysk ek brûke foar oare talen.

Keppeling om utens

bewurkje seksje