Edward Fisher (Fl. 1627 - 1655) wie kapper en boekferkeaper yn Londen. Nei alle gedachten wie hy de skriuwer fan it boek "Marrow of moderne divinity" (It moarch fan it Evangeelje), útjûn yn 1645. Hielendal wis is dat net, om't de skriuwer allinnich as "E.F." oanjûn wurdt. Fisher wie net in predikant, mar hy wie teologysk goed ûnderrjochte.

Hy wie de âldste soan fan Sir Edward Fisher, ridder, út Mickleton, Gloucestershire. Yn 1627 kaam er as boarger yn tsjinst fan it Brasenose College yn Oxford, dêr 't er op 10 april 1630 syn B.A. graad behelle. Hy wie bekend om syn kennis fan tsjerklike skiednis en klassike talen. Hy wie in royalist en in ferdigener fan de festivals fan de tsjerke tsjin de Puriteinen. Hy basearre de ferplichting fan de dei fan de Heare inkeld en allinne op tsjerklike autoriteit en wegere dy as sabbat te beskôgjen.

Yn 1654 naam er it bûten fan syn heit oer, mar omdat it swier beliend wie, ferkocht er it yn 1656 oan Richard Graves. Yn 'e skulden luts er him werom yn Carmarthen en joech er les op in skoalle, mar syn skuldeaskers fûnen him, en hy gie nei Ierlân. Dêr ferstoar er, mar it is net bekend wannear. Syn lichem waard nei Londen brocht foar de begraffenis.

Hy wie troud, mar syn frou stoar earder as hy.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: