Edzard Tjarda fan Starkenborgh Stachouwer (1797-1872)
Jhr. mr. Edzard Tjarda fan Starkenborgh Stachouwer, (Wehe, 18 juny 1797 - Breukelen-Sint Pieters, 4 maaie 1872), hear fan Skiermûntseach fan 1801 oant 1858 wie in Nederlânsk jurist en bestjoerder. Syn pakesizzer hat deselde namme, Edzard Tjarda van Starkenborgh Stachouwer (1859-1936).
Tjarda wie in telch út it geslacht Tjarda fan Starkenborgh. Hy wie boargemaster fan Leens fan 1829 oant 1839. Yn de jierren 1830-1840 wie er ek lid fan de Provinsjale Steaten fan Grinslân. Syn heit waard yn 1814 beneamd yn de ridderskip fan Grinslân wêrtroch't hy en syn neikommelingen it predikaat fan jonkhear en jonkfrou fiere mochten. Oan 'e ein fan syn libben luts er him werom ny Breukelen om te rintenierjen.
It eilân Skiermûntseach wie fan 1640 ôf eigendom fan de famylje Stachouwer. Yn 1859 ferkochten Edzard Tjarda fan Starkenborgh Stachouwer en Gratia Susanne Stachouwer, frou fan Skiermûntseach (1791 -1867) it eilân foar sa'n 98.000 gûne oan John Eric Banck.