Johann Erich (John Eric) Banck (Soerabaja, 3 novimber 1833[1] - Wiesbaden, 16 april 1902) wie in Nederlânske jurist, dichter, filantroop en grutgrûnbesitter. Hy wie fan 1858 oant 1893 eigner fan Skiermûntseach.

John Eric Banck (1833-1902)

Libben en wurk bewurkje seksje

Banck wie in soan fan Johann Erich Banck en Caroline van Hoff. Hy studearre rjochten oan de Universiteit Leien en promovearre dêre yn 1856. Hy waard jurist yn De Haach. Septimber 1858 kocht er, 24 jier âld, it eilân Skiermûntseach foar ƒ 97.058.[2] At er op it eilân tahâlde, wenne Bancks op de bûtenpleats Rijsbergen, boud troch de eardere eigners fan it eilân, de famylje Stachouwer.[3]

Bancks liet 1860 de seedyk om de kwelders oan de Waadseekant oanlizze. De nije polder krige syn namme, de Banckspolder. Hy wie ek ien fan de oprjochters fan de seefeartskoalle fan Skiermûntseach, liet in seistal pleatsen sette en soarge foar it beplantsjen fan de dunen mei strângers. Yn de mande mei inkele ynvestearders realisearre er fierders de bou fan in nij badhotel, dat lykwols yn 1923 ferlern gie troch dúnôfslach.

Yn 1893 bea Bancks Skiermûntseach te keap oan foar ƒ 350.000.[4] It eilân waard desimber 1893 kocht troch greve Berthold von Bernstorff, lid fan de Dútske Ryksdei, dy't it eilân benammen as jachtgebiet brûke soe. Maitiid 2010 binne twa gedichten fan de Taalrûte op Skiermûntseach wijd oan Banck (sjoch gallery).

Banck publiceerde neist juridysk wurk ek inkele dichtwurken sa as Zeepbellen, de Komeet en ferskate gelegenheidsgedichten. Ek levere er teksten oan de Nederlânske komponist Richard Hol (1825 – 1904).[5]

Banck wijde de neifolgjende dichtrigels oan Skiermûntseach:[6]

Op de kruinen van de duinen,
Staat de vuurkolom geplant,
Die met luister in het duister,
AIs een helder kustlicht brandt.

Vol gevaren, zijn de baren,
Waar de zeeman zoekend dwaalt;
Donk're luchten doen hem duchten,
Waar geen ster hem tegenstraalt.

Maar van verre, al, een sterre,
Schijnt de vuurbaak op het nat;
Alle nooden zijn gevloden
En de zwerver vindt zijn pad.

Banck wie boaske oan Sophie Springer. Hy stoar te Wiesbaden yn de âldens fan 68 jier en waard dêr ek beïerdige.

Bibliografy bewurkje seksje

  • Specimen juridicum inaugurale continens: quaestiones de jure hodierno (proefskrift), Hazenberg, Leieen, 1856
  • Artikel 56 van het regerings-reglement, beschouwd en toegelicht, H.C. Susan, C.H. Zoon, De Haach, 1861
  • De koloniale staatkunde van het Kabinet ontvouwd en beoordeeld , de Erven H. van Munster & Zoon, Amsterdam, 1861
  • Geschiedenis der Nederlandsch-Indische Spoorweg-maatschappij, Visser, Den Haag, 1869
  • De Brielsche waternimf en de aesthetiek, Van Stockum, De Haach, 1872
  • Atchin's verheffing en val: met historische bijlagen en een oud kaartje der reede van Atchin, Nijgh & Van Ditmar, Rotterdam, 1873
  • Vondel herdacht, De Graaff, Haarlim, 1879

Dichtwurk bewurkje seksje

  • Het lied van de trom, de springfontein. bloemenraadsel, wit en rood. (fjouwer gedichten)
  • Zeepbellen: lyrische dichtproeven, Hassels, Amsterdam, 1851
  • De komeet: een zang des tijds, Amsterdam, 1858
  • Mondig!: een lied Z.K.H. den Prins van Oranje toegezongen, De Breuk & Smits, Leien, 1858
  • Verspreide gedichten, Visser, De Haach, 1868
  • 23 Mei MDCCCLXVIII : cantate bij de viering van het derde eeuwfeest ter herinnering aan den slag bij Heiligerlee (23 Mei 1568), Visser, De Haach, 1868
  • Ter herinnering, 17 Juni 1877 - serenade: op. 19 (t.g.v. overlijden en begrafenis van keninginne Sophie), Nijhoff, De Haach, 1878

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Nieuw Nederlandsch Biografisch Woordenboek (NNBW): BANCK (John Eric)
  2. It eilân wie beskreaun op ƒ 59.147,50. Bancks bea ƒ 97 058; de finale tawizing wie op 8 septimber 1858 (Dagblad van Zuidholland en 's-Gravenhage, d.d. 26 augustus 1858). Oare boarnen neame in oar bedrach: Schierweb neamt ƒ 96.055 as keappriis, ek wurdt ƒ 98.000 neamd.
  3. Ecomare-encyclopedie:Rijsbergen
  4. Kranten út dy tiid fernije de fraachpriis en gadingmakkers út Belgje en Dútslân. Der waard ƒ 240.000 oant ƒ 310.000 foar it eilân bean. Ek Joadske ynwenners fan Amsterdam en Rotterdam hienen belangstelling, mei it doel dêr in koloanje foar flechtlingen út Ruslân te fêstigjen (Rotterdamsch Nieuwblad, d.d. 17 en 24 july 1893). Yn desimber 1893 waard greve Berthold von Bernstorff de nije eigner.
  5. Het nieuws van den dag , d.d. 22 april 1902, overlijdensbericht mr. J.E. Banck
  6. Yn: Het Vaderland d.d. 2 septimber 1934