Egbert Sjuck Gerrold Juckema fan Burmania Rengers
Egbert Sjuck Gerrold Juckema fan Burmania Rengers (Ysbrechtum, 21 maart 1745 - De Haach, 24 febrewaris 1806) wie in politikus, dy't fan in tsjinstanner fan steedhâlder Willem V feroare yn in foarstanner.[1] Hy wie doe lieder fan de Fryske adel en hie in soad ynfloed. Hy wie bekend as Lange Rengers.
Biografy
bewurkje seksjeEgbert van Burmania Rengers wie de soan fan Sjuck fan Burmania Rengers en lykas syn heit en pake grytman fan Wymbritseradiel, kurator fan de Universiteit fan Frjentsjer en yn 1782 boargemaster fan Ljouwert. Hy hearde yn it earstoan ta ien fan de acht steatsgesinde reginten yn Fryslân, dy't Court Lambertus fan Beyma yn 1782 yn syn krewearjen in provinsjale milysje op te rjochtsjen, steunden. Sûnder Rengers waarden sels gjin beslissingen nomd. Hy wie in tsjinstanner fan de hartoch fan Breunswyk. Syn heit drige om him te ûntervjen.[2], mar soe ek anti-steedhâlder west hawwe kind.[3] Hy soe bretaal wêze, ûnferstannich, ien dy't op syn eigen foardiel út wie, net maklik en ûntefvreden. Omdat hy gjin bern mear hawwe woe, sliepte hy net mear by syn frou, de dochter fan in Nymwegenske boargemaster.[4]
Yn 1783 besochten de prinsgesinden him te troaien.[5] Yn juny 1784 reizge hy nei Amsterdam, [6]mooglik fanwege in patriottyske gearkomst yn de Handboogdoelen (Amsterdam). Yn desimber 1784, neidat de hartoch fan Brunswyk it lân ferlitten hie, oerlei hy fannijs yn Amsterdam.[7] Mooglik gie Rengers begjin 1785 om doe't in skuorring ûntstie tusken demokratyske patriotten en republikeinske aristokraten. Rengers waard tsjinstanner fan Van Beyma, dy't yn novimber 1785 syn kredyt ferlern hie.[8] Yn septimber 1786 wie Van Burmania Rengers ien fan de fûlste tsjinstanners fan de Patriotten yn Fryslân wurden, om te foar te kommen dat it foarbyld fan Daendels, dy't yn Hattem op revolúsjonêre wize besocht hie in sit yn de froedskip te besetten, sûnder goedkarring fan de steedhâlder, folge wurde soe.
Neffens Simon Schama soe hy sûnt septimber 1787 ien fan de bloedhûnen west hawwe, mar dy basearre him grif op de saneamde bloedplakaten dy't yn septimber 1786 útfurdige waarden.[9] Op 10 septimber 1791 krige hy besite fan de steedhâlder dy't te iten kaam op de Epemastate.[10] Yn 1792 joech hy opdracht om in kaart te meitsjen yn ferbân mei in grinsskeel mei de stêd Snits.[11] Yn 1793hearde hy ta de frijmitselderij.
Op 3 febrewaris 1795 ûnderhannele hy ( mei Willem Anne van Haren, R.L. van Andringa de Kempenaer en Petrus Wierdsma) yn Swol mei Daendels as fertsjintwurdiger fan de Fryske Steaten. De fjouwer steateleden soene gizele wurde moatte, mar Daendels wist dat te foarkommen. Se betellen wol in hege priis foar in frije ôftocht. Se moasten plechtich ûnthjitte dat alle wegens de rebûlje fan 1787 feroardiele patriotten graasje krigen en de rinnende prosedueres tsjin harren fuortendaliks útsteld waarden. Boppedat moasten alle sanksjes tsjin de boargerbewapening ûngedien makke wurde. Op straffe fan it ferlies fan harren libben moasten de delegaasjeleden ek noch swarre dat de Fryske Steaten har op gjin inkele wize tsjin de kommende revolúsje fersette soene.[12] Op de weromreis moeten se Abraham Staal. Wêrom't y krekt mei Daendels sprekke woe is ûndúdlik. Op 11 febrewaris waard hy opbrocht nei it blokhûs, yn ferbân mei it Kollumer oproer.[13] Syn frou folge him mooglik de hiele wei rinnendewei. [14]
Hy wie lid fan it Wetjaand Lichem, lid Notabelenfergadering en steatsried. De Steatsregeling fan 1801 yntrodusearre in krêftich binnenlânsk bestjoer. Yn 1801 waard hy ien fan de tolwe leden fan it Steatsbewâld.[15] Net eltsenien wie tefreden mei it nije bestjoer.[16] de measten wienen âld, swak, midsmjittich en idel.[17] Bernardus Bosch hei de gek mei him.
Hy wenne op de Prinsessegracht.[18] en leit begroeven yn Ysbrechtum? Utsein twa soannen, Bernard Walraad van Welderen Rengers[19] en Justinus Sjuck Gerrold (Baron) Juckema Van Burmania Rengers [20] hie hy ek in dochter?
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|