Kollumer Oproer

(Trochferwiisd fan Kollumer oproer)

It Kollumer Oproer wie in opstân tsjin it patriottysk bewâld yn Kollum op 3 en 4 febrewaris 1797.

De ynfiering fan de boargerbewapening yn Fryslân rôp ûnder oaren yn Kollumerlân ferset op. Sa wienen der in protte minsken dy't harren namme net opjaan woenen. De direkte oanlieding ta it opskuor wie lykwols de arrestaasje yn de nacht fan 2 op 3 febrewaris fan in drinkebroer, Abele Reitses fan Boerum dy't yn in herberch lûd ferkundige hie dat alles stikken better wie doe't de prins der noch wie en Fryslân noch in autonoom gewest wie. Yntusken naam de ûnrêst ek ta yn plakken bûten Kollumerlân. Dy drokte wie it meast te fernimmen yn De Westerein.

3 febrewaris

bewurkje seksje

De deis dêrop kamen in protte minsken, fral út it westen fan Kollumerlân nei Kollum. Under oanfiering fan Salomon Levy fan de Sweach en Jan Binnes fan Aldwâld twongen se de sekretaris te soargjen dat Reitses frijlitten waard. Lykwols waard it bewâld yn Ljouwert warskôge, dat der waarden fersterkings nei Kollum ta stjoerd dy't ûnder oaren Jan Binnes yn de tsjerke finzen setten.

Yn De Westerein wiene der rellen yn 'e herberch fan Keimpe Heines en syn frou Tjitske Pieters. Hja hawwe dêr letter hege boetes foar krigen.

4 febrewaris

bewurkje seksje

De oare deis kamen de oanhingers fan Jan Binnes werom nei Kollum, no ek mei lju út Boerum en út de Dongeradielen en ferdreaunen de troepen fan de patriotten út Kollum. Dêrby soe Levy drige hawwe de bekende patriot Abel Keuning "oan repen te snijen" as er him seach. Yndie waard Keuning letter dy dei by Dokkum molestearre. Yntusken waard der in detasjemint ruterij nei Kollum stjoerd, dy't de rêst yn de flekke werombrocht.

De dagen dêrnei waarden yn hiel it noarden en noardeasten fan Fryslân rebellen oanholden. Oan 168 finzenen waarden straffen oplein. Begjin 1797 waard Jan Binnes foar syn oandiel yn it trelit yn Ljouwert ta de deastraf feroardiele. Salomon Levy dûkte ûnder, mar waard in jier letter ek oppakt. Levy hat altyd ûntkend dat hy de lieder fan it oproer wie en sei dat er sels twongen wie om mei te dwaan. De tsjûgen bestimpele er as ûnbetrouber en leageneftich. Lykwols waard ek Levy foar syn oanpart yn it oproer ta de dea wiisd. Op 17 maart 1798 kaam er yn Ljouwert oan syn ein.

As gefolch fan de rebûlje ferlearen Abraham Staal en Gerrit Paape harren posysje as rjochter oan it Hof fan Fryslân.

Iepenloftspul

bewurkje seksje

Yn 2019 waard it iepenloftspul Salomon - It Kollumer oproer yn Kollum opfierd.

  • Kuiper J., Een revolutie ontrafeld; politiek in Friesland 1795 - 1798'. Utjouwerij Van Wijnen, Frjentsjer 2002
  • Van der Veen B. K., Kollumer Oproer van 1797 - Skipper Publishing, 1994
  • Jacques Kuiper, ‘Het Kollumer Oproer’, yn: Fryslân 3 (1997) 13-16.

Oer it krekte wenplak (en pleats) fan Jan Binnes:

  • Oebele Vries, ‘'Wêr wenne Jan Binnes, de oproerkraaier út Aldwâld?', Nieuwsblad van Noord-Oost Friesland, 5-2-1997.

Oer it ‘Tweede Kollumer oproer’ (fan 3 maaie 1943) sjoch:

  • Oebele Vries, Boer Gerben Feitsma. Portret van een Friese NSB-burgemeester (De Gordyk 2008) 140-145.

Keppeling om utens

bewurkje seksje