Egodokumint
In egodokumint is in skriftlike boarne, mar it kin ek in oar medium wêze, lykas in film, dêr't immen in persoanlik tsjûgenis yn jout.
In wichtige kategory egodokuminten is de autobiografy, mar ek memoires, deiboeken en guon gedichten lykas Hadrianus' Animula vagula blandula binne egodokuminten. Yn bredere sin kin bytiden ek in keunstwurk of in oeuvre as egodokumint beskôge wurde.
Eftergrûn
bewurkje seksjeDe histoarikus Prof. Dr. Jacob Presser yntrodusearre it begryp 'egodocument' yn de jierren fyftich fan de 20e iuw om al de ynformele dokuminten fan Joaden út de Twadde Wrâldoarloch te omskriuwen. Jacob Presser wie pleiter foar it persoanlike elemint yn de skiednis, hy fersmiet it anekdotyske elemint yn de skiedskriuwing net en pleite foar mear omtinken foar persoanlike tsjûgenissen. Presser beskreau egodokuminten as "die historische bronnen waarin de gebruiker zich gesteld ziet tegenover een "ik" als schrijvend en beschrijvend subject". It wurd egodokumint waard al gau opnaam yn de Nederlânske taal[1].
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |