Lângoed Eikenrode leit yn Ald-Loasdrecht yn de gemeente Wijdemeeren fan de provinsje Noard-Hollân.

Eikenrode yn Ald-Loasdrecht

Jan Conrad Hacke van Meynden liet yn 1845 Lângoed Eikenrode mei syn oranzjery, koetshús, grêfkelder, iiskelder en wynkelder oanlizze ûnder tafersjoch fan arsjitekt Zocher Jr. It is no in ryksmonumint dat mids in ûnder arsjitektuer oanlein park mei bosk en fivers leit. De famylje Hacke wenne hjir 130 jier.

Yn 1974 moast it lângoed troch de erven ferkocht wurde en rekke dêrnei yn ferfal. Yn 2000 waard it kocht de famylje Plasmeijer dy’t de filla en it park restaurearden. Yn 2002 waard it yn gebrûk nomd as kongressintrum en kin ek as troulokaasje brûkt wurde. Yn 2004 is ek de iiskelder restaurearre en kinne de flearmûzen oerwinterje. Lângoed Eikenrode spilet in grutte rol op Keninginnedei foar de bewenners fan Loasdrecht.

Keppeling om utens

bewurkje seksje