Externsteine

(Trochferwiisd fan Eksternsteine)

De Externsteine binne in formaasje fan sânstiennen yn it Teutoburgerwâld yn Dútslân, net fier fan de stêd Detmold yn Noardryn-Westfalen. De formaasje bestiet út in stikmannich lange stiennen (de heechste is 37,5 m), dy't samar yn ienen út it lânskip mei hichten ferrize. De sânstiennen binne yn it Kryt ûntstien, sa'n 120 miljoen jier lyn. De rotsformaasje is op himsels as natuermonumint al ymponearjend, mar der binne ek riedlings oan ferbûn, meidat dêr spoaren fan minsklik gebrûk út de midsiuwen, en mooglik sels út de prehistoarje, op fûn binne.

Ut it súdwesten wei sjoen

Faksistyske ynteresse

bewurkje seksje

Nasjonaalsosjalisten, no en yn it ferline, hawwe ek ynteresse foar de Externsteine; sy sykje nammentlik nei feiten dy't bewize kinne dat der foar de beskavingen yn it Middellânske Seegebiet al hege kultueren yn it noarden wienen. De amateur-archeolooch Wilhelm Teudt tocht yn 1935 dat er de Irminpylder yn de Externsteine fûn hie. Om reden dêrfan wurde der by de Externsteine geregeldwei sinnekearfeesten fierd en wurde ûnder oaren de Germaanske goaden Weda en Frija dêr fereare. Dat lûkt soms ek neo-faksisten, mar dat is mar in lyts part fan de fierders.

Keppelings om utens

bewurkje seksje
  Commons: Externsteine – foto, fideo en harktriemmen