Eldorado (gedicht)
Eldorado, mei deselde titel yn it oarspronklike Ingelsk, is in gedicht fan 'e hân fan 'e ferneamde Amerikaanske skriuwer, dichter, redakteur en literatuerkritikus Edgar Allan Poe (1809-1849). It bestiet út fjouwer kûpletten fan elts seis fersregels (saneamde sekstetten). Eldorado wie ien fan Poe syn lêste gedichten, en waard ynspirearre troch de Kalifornyske Goudkoarts fan 1849. It waard foar it earst publisearre yn april fan datselde jier, yn it Bostonske tydskrift Flag of Our Union. De Fryske oersetting, fan Herman Peenstra, datearret út 2008.
Eldorado | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Eldorado | |
auteur | Edgar Allan Poe | |
taal | Ingelsk | |
foarm | poëzij | |
sjenre | lyrysk gedicht | |
1e publikaasje | 1849 | |
bondel | The Works of the Late Edgar Allan Poe | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Eldorado | |
publikaasje | 2008, yn HJIR | |
oersetter | Herman Peenstra |
Ynhâld
bewurkje seksjeEldorado beskriuwt de reis fan in "galante ridder" dy't op 'e siik is nei de legindaryske stêd fan goud, El Dorado. Hy spandearret it meastepart fan syn libben oan dy syktocht, mar berikt syn doel net. Pas op hege jierren moetet er einlings in "pylgerskaad" dat him de wei wiist troch de "Skadedelling".
Poe brûkt de term "skaad" yn 'e midden fan elts fan 'e kûpletten, mar de betsjutting fan dat wurd feroaret hieltyd. Yn it earste kûplet is it in letterlik skaad, dêr't it sinneljocht tsjinkeard wurdt. Yn it twadde kûplet wurdt der somberheid of wanhope mei bedoeld. Yn it trêde kûplet tsjut it in geast of skym oan. En yn it lêste kûplet, dêr't it brûkt wurdt yn 'e bibelske oantsjutting the Valley of Shadow ("de Skadedelling"), bedoeld Poe mooglik te sizzen dat Eldorado (of rykdom yn it algemien) net yn it libben fûn wurde kin, mar inkeld yn it hjirneimels.
Tekst
bewurkje seksje
Gaily bedight, But he grew old— |
And, as his strength "Over the Mountains |
Fryske oersetting
bewurkje seksjeDe Fryske oersetting fan Eldorado ferskynde yn 2008 ûnder deselde titel yn it tydskrift HJIR. De fertaling wie fan 'e hân fan Herman Peenstra.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |