Elema-Stollenga's Autotsjinsten

Elema-Stollenga's Autotsjinsten' (E.S.A) begûn yn 1927 mei it riden fan geregelde busferbinings yn it Westerkertier (súdwestlik Grinslân). Men hie yn dy tiid in garaazje yn Mearum.

De ESA 133 (eigendom fan it Noardlik Bus Museum) op 05-10-03 yn Grins

Yn de jierren tritich hie men twa oare busbedriuwen oernommen, en nei de Twadde Wrâldkriich hat men yn Haulerwyk, Mearum en Easterwâlde trije nije garaazjes boud.

Yn it begjin fan de jierren fyftich waard de E.S.A. in holding mei trije dochtermaatskippijen, te witten de "E.S.A. Trans Continental B.V." (tour), "E.S.A. Garaazjebedriuwen B.V." en "E.S.A. fêste ferbinings eksploitaasje maatskippij B.V.".

Op 1 jannewaris 1979 waarden bustsjinsten oernommen troch de FRAM út It Hearrenfean. De namme E.S.A. bleau fierder bestean as Touringbedriuw en Garaazje (DAF dealer). Yn 1985 is de Tourôfdieling oernommen troch Sijpkes Reizen út Stedskanaal.

Hjirtroch bleau de garaazjeôfdeling oer. Dizze garaazjes dy't noch altyd ûnder de namme E.S.A. bestean, hawwe it dealerskip fan de merken DAF, Mitsubishi bedriuwsweinen en Fiat bedriuwsweinen. Men hat fjouwer festigings yn Grinslân en ien yn Fryslân.

Keppeling om utens

bewurkje seksje