Elisabeth Dirks
Elisabeth Dirks (* ûnbekend - Ljouwert, 27 maaie 1549, yn it deafonnis waard hja Lysbeth Dircxdochter neamd) wie in minniste martleres. De Friezinne waard oppakt fanwege har leauwe, ûnderwurpen oan it ferhoar ûnder swiere martelingen, en dêrnei eksekutearre troch ferdrinking yn Ljouwert. Sa wie se ien fan de 18 minnistenen dy't fan 1531 oant 1574 yn de provinsje Fryslân de holle ôfslein, smoard, ferdronken en ferbaarnd waarden, om't se sels ûnder har leauwen foltering harren leauwe wegeren op te jaan. Libben en lijen ha in sterk wjerlûd fûn yn de minniste skiednis. De 13e hymne, Historie von einer Jungfrau (In moaie skiednis fan in jongfaam), yn de Ausbund, it âldste gesangboek fan de doperske beweging, ferhellet oer har yn 38 strofen.
Biografy
bewurkje seksjeElisabeth Dirks har bertedatum -jier binne net bekend. Der is ek net folle bekend oar har jonkheid. Se stamde wierskynlik út in begoedige famylje út Groothusen yn East-Fryslân. Under har ferhoar yn 1549 wegere hja ek om de nammen fan har âlden te jaan.
As jong fanke waard se opnommen yn it kleaster Thedinga yn Nüttermoor by Lier. Dêr learde se Latyn. Der wurdt sein dat se al betiid twivele oan de lear fan de Roomsk-Katolike Tsjerke. Doe't se tolve jier, hearde se dat in man as ketter ferbaarnd wie omt er de sakraminten fan de Tsjerke net tjilde woe. Dêrnei bestudearre se de Bibel sels en twifele hieltyd mear oan de katolike lear. Dy bibelstúdzje late geregeld ta konflikten mei har religieuze susters. Letter waard se in jier fêstset mei't se fan ketterij fertocht waard. Op fersyk fan de nonnen, liet de priorin har frij. Se waard dêrnei lykwols wol oanhâldend beweitse. Lang om let slagge it har en ûntsnap ferklaaid as melkfamke út it kleaster.
Ynearsten útfanhûze se by in minnistegesin yn it tichtby lizzende Lier, dêr't hja ek de doop ûntfong. Letter gong se nei Ljouwert. Hja kaam by in frou, Hadewijk, waans man ûnderdûkt wie nei't syn freon, de Emdenske skroar Sikke Frearks yn 1531 yn Ljouwert terjochtsteld wie.
Elisabeth Dirks en Hadewijk slueten harren by Menno Simons yn Ljouwert oan. Elisabeth wurke al gau sa nau mei Simons gear dat de minsken tochten dat sy syn oarehelte wie. Der wurdt sein dat sy de earste frou wie dy't yn in minnistegemeente 'learde'. Hadewijk en Dirks waarden troch de katolike autoriteiten as ketters arrestearre. Hadewijk koe op bjusterbaarlike wize ûntkomme. Elisabeth waard lykwols nei har arrestaasje op 15 jannewaris 1549 wikenlang ûnder slimme tamtaasjes ûnderfrege. Dy ferhearing waard optekene troch Thieleman Janszoon van Braght yn syn Martelaarsspiegel, foar it earst yn it Nederlânsk yn 1660 publisearre. Dat protokol waard letter ferskate kearen sitearre en is ek te finen yn Antje Brons har haadwurk Entwickelung und Schicksale der Taufgesinnten oder Mennoniten ('Untwikkeling en wederwarichheden fan de dopersken of minnisten').
Hieltyd wer waard hja ûnder druk set om de nammen te neamen fan de minsken dy't hja ûnderwiisd hie oer it kristlik leauwe. Elizabeth bleau lykwols stânfêst, brûkte de ûnderfregings om de grûnbegjinsels fan har leauwe út te lizzen, en ferrette net ien fan har leauwensgenoaten. Doe't se har bekentenis net ôfswarre woe waard se ta de dea feroardield, oan hannen en fuotten bûn yn in sek dien, en op 27 maart 1549 ferdronken.
Wurk
bewurkje seksjeElisabeth Dirks soe in liet komponearre hawwe dat opnaam waard yn de Sommige Stichtelycke Liedekens (Hoorn, 1618). Oant no ta koe dat lykwols net mei wissichheid fêststeld wurde.
Literatuer
bewurkje seksje- Thieleman J. van Braght: The Bloody Theatre or Martyrs' Mirror of the Defenseless Christians Who Baptized Only upon Confession of Faith and Who Suffered and Died for the Testimony of Jesus Their Saviour … to the Year A.D. 1660. Herald Press, Scottdale/PA 1951, S. 481 f., 546 (online).
- Thieleman J. van Braght: Het Bloedigh Tooneel of Martelaers Spiegel der Doopsgesinde of Weereloose Christenen, Die om 't getuygenis van Jesus haren Salighmaker geleden hebben ende gedood zijn van Christi tijd of tot desen tijd toe. Den Tweeden Druk. Hieronymus Sweerts, Amsterdam 1685. Bd. II, S. 81 f., 156 ff.
- Antje Brons: Ursprung, Entwickelung und Schicksale der altevangelischen Taufgesinnten oder Mennoniten: in kurzen Zügen übersichtlich dargestellt. Dietrich Soltau, Norden 1891.
- Steven Blaupot ten Cate: Geschiedenis der Doopsgezinden in Holland, Zeeland, Utrecht en Gelderland. 2 dln. P.N. van Kampen, Amsterdam 1847. Bd. II, S. 211.
- Dit Boec wort genoemt: Het Offer des Heeren, om het inhout van sommighe opgheofferde kinderen Godts. N.p., 1570, S. 91–97 (online).
- Karel Vos: Menno Simons, 1496–1561, zijn leven en werken en zijne reformatorische denkbeelden. E.J. Brill, Leien 1914: Bd. 5, S. 250, 332 f.
- Rudolf Wolkan: Die Lieder der Wiedertäufer. Berlyn 1903.