Elizabeth I fan Ingelân
Elizabeth I (Greenwich Palace, 7 septimber 1533 - Richmond Palace, 24 maart 1603) wie keninginne fan Ingelân fan 17 novimber 1558 oant har dea. Elizabeths bynamme wie de “maagdelike keninginne” (Maiden Queen of Virgin Queen).
Algemien
bewurkje seksjeYn novimber 1558 waard prinses Elizabeth fan Ingelân keninginne. Har lei in swiere taak te wachtsjen nei púnheapen, wêrûnder rikjende brânsteapels, dy’t har healsuster keninginne Mary I fan Ingelân neilitten hie. Se regearde yn in perioade wêryn de protestanten en de katoliken tsjinoer elkoar stienen. Elizabeth I fan Ingelân wurdt wol sjoen as ien fan de grutste staatshaden út de skiednis.
Elizabeths jeugd
bewurkje seksjeNjoggen moannen nei it houlik tusken Kening Hindrik VIII fan Ingelân en syn twadde frou Anna Boleyn wurdt op 7 septimber 1533 yn it paleis fan Greenwich, prinses Elizabeth berne. De kening wie swier teloarsteld dat hy alwer in dochter krige. Hy siet nammentlik slim ferlegen om in manlike troanopfolger. Har peetheit waard Thomas Cramner (dizze is letter troch har healsuster op de brânsteapel setten) har peetmem waard de hartoginne fan Norfolk.
De katolike tsjerke erkende Elizabeth net as in wettich bern, dôchs makke Kening Hindrik har troanopfolger. Dizze moast se in oantal jierren letter wer ôfstean doe't de tredde frou fan har heit, Jane Seymour de langferwachte troanopfolger berne. Elizabeth wie trije jier âld doe't har mem, nei ferskillende miskreamen feroardield waard ta de deastraf wegens ferrie. Op 19 maaie 1536 waard sy ûnthalze en waard Elizabeth krekt as har healsuster ûnwettich ferklearre. Foar har fiifde libbensjier krige Elizabeth har earste gûvernante, Kat Ashley. Op fiifjierrige leeftyd jout de lytse prinsesse oan dat se mear leare wol, lykas bûtenlânske talen. Tegearre mei har broer Edward, lady Jane Gray en de soannen fan John Dudley krige se les fan ûnder oaren:
- Richard Cos, foar Gryksk en Latynsk
- John Cheke
- William Grindel, de persoanlike learaar fan Elizabeth, ferstoar troch de pest yn 1548.
- Roger Ascham, nam it plak yn fan Grindel.
Fierders is bekend dat John Dee les joech yn wiskunde, astronomy en astrology.
Nei de dea fan har heit waard sy fierder opfieden troch Catharine Parr, de seisde frou fan Hindrik en de ienige dy’t him oerlibje soe. Neidat ek har healbroer ferstoar kaam har 19 jier âldere suster Mary op de troan. Sy besocht Elizabeth te bekearen ta it katolike geloof, dat mislearre en Elizabeth waard yn de Tower finzen setten.
Keninginne Elizabeth I fan Ingelân
bewurkje seksjeYn novimber 1558 waard Elizabeth dôchs keninginne, op 15 jannewaris 1559 waard se kroane yn de abdij fan de Westminster yn Londen. Har regearingsperioade duorre 45 jier, en yn dy jierren bloeide Ingelân op. De spanningen tusken de protestanten en katoliken bleaunen bestean. Under har bewâld kaam de literatuer ta ûntwikkeling en ûntdekkingsreizen wienen tige súkesfol, oerseeske koloanjes waarden oermastere wêrûnder de koloanjes yn Noard-Amearika. Elizabeth stipe de protestante opstannelingen yn Frankryk en yn de Nederlannen. Kening Filips II fan Spanje dy’t noch mei har trouwe woe, woe doe Ingelân oanfalle en besette. Hy stjoerde de ferneamde Armada nei Ingelân. Mar dizze waard yn 1588 ferslein.
In oare kandidaat om te trouwen wie de broer fan de Frânske kening. De 23 jier jongere Frans fan Anjou. Foardat der oer in ferbyntenis praat wurde koe ferstoar de man. Elizabeth hat altyd folhâlden dat se faam wie. Dôchs wurdt der fanút gien dat se in heftige relaasje hân hat mei Robert Dudley de greve fan Leicester. De keninginne krige dôchs de namme de “virgin queen”. Yn 1568 kaam har nicht Mary I fan Skotlân freegjen om yn Ingelân komme te meien. It antwurd wie hurd: se hat har nicht njoggentjin jier finzen hâlden en yn 1587 it befel ta ûnthâlzing jûn. Se hie in soad fijannen, dêrom kaam se net in soad bûten. Se koas derfoar om portretten fan harsels te toanen.
De dea fan Elizabeth
bewurkje seksjeOp 24 maart 1603 kaam der in ein oan har libben. Sels op de lêste dagen fan har libben wie se in eigenwize en koppige frou. Se woe net dat de hofarts oan har kaam. Der wurdt sprutsen dat se ferstoarn is oan it fergif wat yn har make-up siet. Mar it kin ek gewoan âlderdom wêze wêroan se ferstoarn is.
Doe't de keninginne har net lekker fielde, luts se har werom yn har favorite paleis, Richmond Palace. Har hofdames hienen oeral kessens op de flier dellein. Dit omdat Elizabeth wegere om op bêd te gean. Sy lei wol likernôch fjouwer dagen op de kessens op de grûn foardat har tsjinners har einliks op bêd lizze koenen.
Sêfte muzyk en har riedsleden folden har keamer. Troch mei de hân te bewegen waard oannaam dat se dêrmei de troanopfolging regele. Jakobus fan Ingelân soe it wurde. De âlde biskop Withgift waard helle om mei de keninginne yn har lêste oeren te bidden. De keninginne sakke fuort yn in sliep en waard nea wer wekker.
Te hôf bringen
bewurkje seksjeIt folk toande de ferstoarne keninginne in hiel soad respekt. De begraffenisstaasje bestie út mear as 1000 minsken en waard allinnich mar langer doet in soad minsken oansluten. Op de kiste lei in poarperen kleed. De koets waard lutsen troch fjouwer hynders mei swarte kleden. Boppe de kist stie in grut baldakyn dat troch seis ridders fêsthâlden waard. Boppe de kiste lei in sterk lykjende ôfbylding fan Elizabeth. Dit makke de minsken tige emosjoneel. Elizabeth is te hôf brocht neist har suster Mary. Op harren greftombe stiet de folgjende tekst: “partners sawol op de troan as grêf, hjir rêste wy, twa susters Mary en Elizabeth, yn ôfwachting fan ús ferrizenis”.