Elizabeth Kooy
Elizabeth Kooy (Suwâld, 13 maart 1985) is in Nederlânske (opera)sjongster, muzykpedagooch en toanielaktrise. Sy wennet yn Hurdegaryp.
Oplieding
bewurkje seksjeFan 1997 oant 2003 gie hja nei it Kristlike skoallemienskip Comenius, Atheneum yn Ljouwert. Nei de middelbere skoalle begûn se yn 2003 op de Ryksuniversiteit Grins dêr't se yn 2009 in Master of Arts-diploma yn religieuze stúdzjes helle. Se studearre ôf mei de skripsje: Hemelse lofprijzing versus hels lawaai, muziekinstrumenten op muur- en gewelfschilderingen uit de late middeleeuwen.
Elizabeth wie yn 2008 al begûn oan it Prins Claus Conservatorium yn Grins dêr't se har Bachelortitel yn klassike sang behelle yn 2013. Oan it konservatoarium hat se ûndersyk dien nei it ferskynsel 'Alzheimer-koar' troch staazje te rinnen by in searje muzykworkshops foar âlderein yn Fryslân en troch it folgjen fan Muziek de Dementie oan it konservatoarium.
Wurk
bewurkje seksjeElizabeth Kooy wurket as sjongdosint mei it Roden Girl Chorister yn Nieuw Roden, se jout sjongles oan famkes fan 6 oant 16 jier sûnt augustus 2014. Teffens is se freelance ûndersiker op it Prins Claus Conservatorium sûnt febrewaris 2014. Se docht ûndersyk oan it projekt 'Music Generations' yn Grins.
Bûten dat hat se ûnderfining mei teäterrollen. Yn maaie en juny 2014 spile se Roos en Prinses yn de strjitopera de IJsvorstin fan Tryater. Yn 2015, op ferskate plakken yn Fryslân de jeugdfoarstelling Maria Louise. Yn 2015 ek te sjen op it Over het IJ-festival en Grachtenfestival yn Amsterdam mei de Zeeheldenvariaties. Yn 2016 en 2021 hie se de rol fan Spinvrouw yn de foarstelling Kus van de Spinvrouw, regissearre troch Gooitsen Eenling. Yn 2017 fertolke se de rol fan l'Amour yn Orphée et Euridice by Poly Hymnia yn Zeist. Yn 2018 song se har earste belcanto haadrol: Adina in l'Elisir d'Amore fan Donizzetti by Poly Hymnaia yn Zeist. Yn 2019 song se de rol fan fuotbalster Iris yn de fuotbalopera Veendammer Wind en yn 2021 de wrâldpremjêre fan Faster than Light fan Dirk Dekker. Yn 2022 hie hja de haadrol yn Bizets Pearelfiskers.
Se hat ek in soad ûnderfining as koarsjonger en ensemblesjongeres yn ferskate stylperioaden en besettingen: By it Nederlands Studenten Kamerkoor, it Groot Omroepkoor bij Consensus Vocalis ûnder lieding fan Klaas Stok en by de Nederlandse Reisopera.
Ek wie Elizabeth te hearren by de Waadopera Peter Grimes yn Paezens-Moddergat (2021) ferskate produksjes fan de Reisopera en it teäterstik De Stormruiter (Ljouwert, 2018).
Yn 2024 presintearre se har earste opera Arent, dêr't sy it libretto foar skreau. Se waard ynspirearre troch twa fûgelspotters dy't op syk wiene nei in see-earn. [1]
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |