Ella Schadd-De Boer
Ella Schadd-De Boer (Velp, 27 oktober 1949) is in Nederlânsk politikus en boargemaster.
Eardat hja boargemaster waard, wie se foar de PvdA gemeenteriedslid fan de gemeente Rheden. Sûnt 1998 wie se wethâlder en fan 2002 ôf teffens loko-boargemaster. Sûnt 15 april 2005 is se boargemaster fan de gemeente Boarnsterhim en op 1 maart 2009 hâlde hja dêr mei op. Fan septimber 2009 oant febrewaris 2010 wie hja waarnimmend boargemaster fan de gemeente Flylân. Ek is hja waarnimmend boargemaster fan Doesburg. Schadd is ek bestjoerslid fan de Feriening fan Fryske Gemeenten.