Elles Berger (Amsterdam, 20 febrewaris 1940) is in Nederlânsk eardere radio- en telefyzjepresintator.

Elles Berger yn 1987
Houlik Elles Berger en Barry Hughes yn Hilfertsom.

Berger har heit wie de súksesfolle atleet Chris Berger. Hy wie haadopsichter fan it Olympysk Stadion, en doe't yn 1956 in speaker socht waard brocht hy syn dochter yn. It jier dêrnei nûge VARA's Bob Spaak har út foar in stimtest en sy waard oannaam. It earste programma dat sy presintearre wie it programma Krakepit foar de jongerein.

Yn de 30 jier dy't folgen makke sy in ferskaat oan radioprogramma's, mar it meast populêr waard Klink Klaar, dat sy fan 1972 ôf presintearre mei Joop Smits. It spultsje Geen ja, geen nee waard tige populêr.

Fanôf 1961 wie Elles Berger ek omropster op telefyzje. Teffens presintearre sy programma's sa as de konsuminterubryk Koning Klant, it sportprogramma Sporttribune en it magazine Zo maar een zomeravond. Yn 1981 presintearre sy mei Fred Oster it Nasjonaal Sjongfestival.

Yn 1989 stapte sy oer nei RTL-Véronique, de foarrinner fan RTL 4, dêr't sy ek in sportprogramma die. Sy hâlde op mei har wurk foar de omrop yn 1997.

Elles Berger troude yn 1965 mei fuotbalcoach/entertainer Barry Hughes. Sy hawwe trije dochters, Chris, Sanne en Nelsy

Keppeling om utens

bewurkje seksje