Elles Leferink

Elles Maria (Elles) Leferink (Weerselo, 14 novimber 1976) is in Nederlânske follybalster. Hja die ienris mei oan de Olympyske Spullen, nammentlik op de Olympyske Spullen fan 1996 yn Atlanta, dêr waard gjin medalje by wûn. Yn har aktive tiid wie hja oansletten by Volco yn Ommen.

Elles Leferink
Olympic Rings black.svg sporter
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 14 novimber 1976)
berteplak Weerselo
sportive ynformaasje
sport Follybal
O.S. 1996
karriêre-ein 2007
wichtige prestaasjes
Med 1.png EK 1995

Leferink makke yn 'e âldens fan 19 jier har Olympysk debút. Op de Olympyske Spullen fan 1996 makke hja diel út fan de Nederlânske follybalploech. De Nederlânske ploech behelle in fyfde plak. Yn 1995 waard hja Europeesk kampioen troch mei 3-0 Kroaasje te ferslaan

Foar har spul krige hja in soad ûnderskiedings, lykas yn 'e âldens fan 19 jier de "bêste spiler fan Europa (1995) en de "bêste server" by it wrâldkampioenskip 1998 en it Europeesk kampioenskip 2003.

Yn 2007 einige har sportkarriêre en waard hja mem.

Yndividuele prizenBewurkje

  • Europeesk follybalspiler fan it jier - 1995
  • Bêste server - WK 1998, EK 2003

Sjoch ekBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: