São Jorge da Mina of Elmina is in stedsje fan sa'n 34.000 ynwennners yn Gana, de earderere Goudkust, op 155 kilometer bewesten de haadstêd Akkra. Elmina is de earste Jeropeeske delsetting yn West-Afrika.

Elmina
São Jorge da Mina
Elmina fan it fort St. George ôf sjoen
Elmina fan it fort St. George ôf sjoen
Bestjoer
Lân Gana
Regio Sintraal
Distrikt Gemeentlikdistrikt Komenda/Edina/Eguafo/Abirem
Sifers
Ynwennertal 33.576 (2013)
Oerflak km²
Befolkingsticht. / km²
Oar
Tiidsône GMT
Kaart fan Gana mei Elmina yn it súdlik Sintraal distrikt
Aldus vertoont hem het Casteel de Mijna, aen de Noordt-west zijde, uijt de rivier aen te sien. Gelegen op de gout kust in Guinea (1665-1668)

Yn 1482 bouden de Portegezen dêr it fort São Jorge da Mina (it lettere Sint George), de earste Jeropeeske delsetting yn West-Afrika. Ynearsten wie it fort ornearre om de goudwinning en de myn te beskermjen en as opslach te tsjinjen. Al fan 1596 ôf hawwe de Hollanners besocht om it fort te feroverjen, mar dat slagge net. Nei't Johan Maurits fan Nassau-Siegen yn 1637 Brazylje op de Portegezen ferovere hie waard de needsaak foar de oanfier fan slaven nei Nij-Hollân rillegau dúdlik, de tige lukrative ferbou fan sûker moast ommers wer oppakt wurde. Sadwaande besocht Johan Maurits ek de slavehannel fan de Portegezen oer te nimmen en fear yn de rin fan 1637 rjochting Elmina. It fort hie wilens ek in wichtige rol yn de slavehannel krige. De iuwen dêrnei soe it fort it sintrum fan de trans-Atlantyske slavehandel fan de Westyndyske Kompanjy wêze (om deselde reden waarden Sao Paolo de Luanda en it elân Sao Tomé yn Angola beset troch Cornelis Jol, mar it slagge de Portugezen en feroverje dy plakken wer yn 1648).

De ferovering fan Elmina yn augustus 1637 troch de Hollanners gie betreklik ienfâldich. Johan Maurits en sy manskippen besetten de hiche St Jago. Fan boppe ôf beskeaten de Hollanners mei in stikmannich kanonnen it leger lizzende Elmina. Nei in pear dagen al joegen de Portegezen harren oer. Dat hie Johan Maurits sels ek net ferwachte. Oan beide kanten foelen hast gjin slachtoffers. Om foar te kommen dat se mei deselde taktyk te meitsjen krije soene, waard rillegau nei de ferôvering út ein set mei de bou fan in fort op de St. Jago hichte. It fort krige de namme Coenraadsburg.

It gie de Nederlanners foar de wyn.[1] Yn 1642 wie hiel Portegeesk Afrika yn hannen fan de WIC. Komselden is sa'n protte goud nei Nederlân brocht. It goud, út it ynlân oanfierd, waard ruile tsjin tekstyl, koperguod, kralen en brandewyn.[2] Alle jierren waarden 2.000 slaven nei de West-Yndyske eilannen of Súd-Amearika transportearre, op syn minst fjouwer skippen it jier. Ek de Deenske en Sweedske Afrika Kompanjy waarden hieltyd warberder yn dy kontreien. Dy kompanjyen hiene lykwols mar in bytsje kapitaal, dat se koene net sûnder de stipe fan de sterke Amsterdamske en Hamboarchske keaplju.

Yn 1642 waard Isaac Coymans beneamd ta opperkeapman en boekhâder yn Elmina; yn 1648 waard Hendrik Carloff fiskaal; yn 1656 wie Jan Valkenburg direkteur-generaal fan de hannelspost. Yn 1668 waard de dichter Willem Godschalck fan Focquenbroch as sjirurgyn beneamd. Cornelis fan Aerssen fan Sommelsdijk soarge der foar dat de WIC de oanfier fan slaven nei Suriname fan 1683 opfierde. Yn 1687 waard it fort oanfallen troch Jean du Casse, in boekanier en slavehanler. Nei 1720 lei de Middelburchske Kommersy Kompanjy him ta op slavetransporten en hie dêrmei in protte súkses.

Jan Pieter Theodoor Huydecoper kaam yn 1756 yn Elmina oan; yn 1764 waard er direkteur-generaal. Hy krige in tapûjerin ta syn foldwaan, in dochter fan in blanke man en in lânseigen frou, dy't njonken selskip ek strategyske betsjutting hie.[3] Yn 1767 en 1768 binne 42 skippen nei de Goudkust fearn, achtjin hiene de opdracht slaven te ferfieren.

Oant yn 1850 waarden der yn fort Elmina soldaten wûn foar tsjinst yn it KNYL, de Orang Blanda Itam (= Swarte Hollanners).[4] Nettsjinsteande de befoarrjochte posysje fan de Orang Blanda Itam yn it KNYL, waard der nei 1871 op oanstean fan de Ingelsken mei opholden om it net lykje te litten op ferhoalen slavernij. De skiednis fan de Ganezen dy't yn it KNYL tsjinnen is te sjen yn it Java museum yn Elmina.

It fort soe oant 1871 yn Nederlânske hannen bliuwe en waard doe lykas in protte oare Nederlânske besittings yn Afrika oan Ingelân ferkocht foar it bedrach fan fl. 47.000,-. kening Willem III wie der bot op tsjin, mar it wie logysk meidat de forten harren funksje kwyt wiene en it ûnderhâld en de slarissen fan de dêr oanwêzige amtners in soad jild koste. De ferkeap fan de Nederlânsk-Afrikaanske besittingen oan Ingelân wie regele yn it Ferdrach fan Sumatra.

Elmina hat in Nederlânsk begraafplak, in Nederlânske wyk en in protte bewenners hawwe in Nederlânske achternamme, sa as Bartels, Van Dyck, de Graft, de Heer, Vroom, de Veer of van der Puye.

De wichtichste ynkomsteboarne is de fiskerij, mar ek sâltwinning en boatebou binne fan belang. Sa'n 100.000 toeristen it jier besykje it plak.

Yn 2003 is Elmina, mei bûtenlânske ynvestearders, út ein set mei it projekt Elmina Stratezjy 2015, in grut projekt om tal fan saken fan de stêd te ferbetterjen. De ôffier fan wetter en smoargens sil oanpakt wurde om de sûnens fan de ynwenners te ferbetterjen; de fiskerijyndustry en haven fan Elmina sil fernijd wurde; toerisme en ekonomysk ûntjouwing, sûnenssoarch en ûnderwiis sille yn dat ramt ek omtinken krije.[5]

It fort fan Elmina

bewurkje seksje

Elmina eartiids

bewurkje seksje

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. WIC en de forten op de Slavenkust
  2. Dillen, J.G. van (1970) Van Rijkdom en Regenten. Handboek tot de economische en sociale geschiedenis van Nederland tijdens de Republiek.
  3. Kooymans, L. (1997) Vriendschap en de kunst van het overleven in de zeventiende en achttiende eeuw, s. 284, 320.
  4. Ineke van Kessel: Zwarte Hollanders. Afrikaanse soldaten in Nederlands-Indië (met een voorwoord van Arthur Japin). Amsterdam, 2005.
  5. Elminaheritage.com. Elminaheritage.com.