Eltville am Rhein

Eltville am Rhein (fanút it latyn: Alta Villa, "heger hôf, heger lizzende stêd" en ferbastere ta Eldeville, Elfeld en letter ta Eltville) is de grutste stêd fan it Ryngoa en leit yn de Rheingau-Taunus-Kreis yn Hessen, Dútslân.

Eltville am Rhein
Eltville am Rhein in RÜD.svg
Flagge Wapen
Gjin Flagge (Bekend).PNG Wappen Eltville am Rhein.png
Sifers
Ynwennertal 16.946 (31.12.2020)
Oerflak 46,77 km²
Befolkingstichtens 362 / km²
Hichte 86 m
Polityk
Lân Flag of Germany.svg Dútslân
Dielsteat Flag of Hesse.svg Hessen
Lânkring Flagge Rheingau-Taunus Kreis.svg Rheingau-Taunus-Kreis
Oar
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Koördinaten 50° 1´N 8° 7´E
Webside www.eltville.de

De stêd neamt himsels "Wynstêd", "Sektstêd" en "Roazestêd". Sûnt 2006 hat de ried dêr "Gutenbergstêd" oan tafoege en yn 2020 is Eltville ek nochris de "Duorsumensstêd", wermei't Eltville de measte titels fan Dútslân draacht.

YndielingBewurkje

De stêd bestiet út fiif Ortsbezirke, mei elts in eigen Ortbeirat en ien dy't dy ried foarsit, in Ortsvorsteher:

  • Eltville
  • Erbach (mei it Ortsteil Eichberg)
  • Hattenheim (mei it Ortsteil Kloster Eberbach)
  • Martinsthal
  • Rauenthal

Sûnt 1 july 1972 waard de earder selsstannige gemeente Hattenheim by Eltville yndield. Erbach, Martinsthal en Rauenthal waarden op 1 jannewaris 1977 by Eltville foege.

SkiednisBewurkje

 
De karfoarstenboarch yn Eltville

De earste spoaren fan bewenning yn it stedsgebiet geane werom op de jonge stientiid. Ut de romeinske tiid binne resten fan in lânhûs fûn. In Frankysk grêffjild westlik fan Eltville út it ein fan de 4e iuw wiist op bewenning nei de Romeinen. In Frankysk keningshôf bekend ûnder Altavilla stie oan it begjin fan de ûntwikkeling fan it hjoeddeiske plak. Letter kaam it keningshôf yn hannen fan it aartsstift Mainz. De parochytsjerke bestie nei alle gedachten al ûnder aartsbiskop Friedrich tusken 937 en 954.

Yn 1313 hie it doarp al in muorre en yn 1329 waard útein set mei de bou fan de aartsbiskoplike boarch en de bou fan in stedsmuorre. Keizer Loadewyk de Beier ferliende op fersyk fan de aartsbiskop stedsrjochten oan Eltville. Sûnt de foltôging fan de boarch yn 1347 bleau Eltville oant 1480 de residinsje fan de Mainzer aartsbiskoppen. Dêrmei foarme de stêd ferskillende kearen it toaniel fan de striid tusken de paus en de keizer oer de besetting fan de biskoplike troan. Nei it fuortgean fan de aartsbiskoppen bleau Eltville haadstêd fan it Ryngoa.

It besjen wurdichBewurkje

  • De Boarch fan de Karfoarsten út de 14 iuw
  • De 14e-iuwske Petrus- en Paulustsjerke fan Eltville
  • Op ferskillende plakken fan de stêd resten fan de stedsmuorren en de Sebastiaantoer (14e iuw) .
  • Fakwurkhûzen út de 16e en 18e iuw
  • Boarch Crass
  • De Eltzer Hof is de grutste state fan de stêd. Sûnt 1629 is it yn besit fan de greven fan Elts. De arspronklik yn 1580 boude state waard yn 1774 yn barokke styl ferboud. De wynbergen binne yn 176 foar de ferbreding fan de Bundesstraße ferkocht. De 16e-iuwske Stockheimer Hof oan de Kirchgasse wie oant 2018 yn besit fan de frijhearen Langwerth fan Simmern.

Bûten de kearnstêd fan de gemeenteBewurkje

  • It sistersjinzerske kleaster Eberbach
  • De Sint-Markustsjerke (15e iuw) en de neogoatyske Johannestsjerke fan Erbach
  • De Sint-Finsintiustsjerke fan Hattenheim
  • De HH. Sebastiaan- en Laurentiustsjerke fan Martinsthal
  • Slot Reinhartshausen

OfbyldenBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur en Einzelnachweise, op dizze side.