Kleaster Eberbach

It Kleaster Eberbach is in earder sistersjinzerske abdij yn de omkriten fan Eltville am Rhein yn it Ryngoa, Hessen, Dútslân. It wrâldferneamde kleaster wie ien fan de âldste en belangrykste sistersjinzerske kleasters fan Dútslân. It yn it natuerpark Rhein-Taunus lizzende romaanske en iergoatyske kompleks heart ta de wichtichste monuminten fan Europa.

Kleaster Eberbach
Lokaasje
lân Dútslân
dielsteat Hessen
lânkring Rheingau-Taunus-Kreis
plak Eltville am Rhein-Eberbach
koördinaten 50° 02' N 8° 02' E
Kleastergegevens
oarde Sistersjinzers
oprjochting 1136
opheffing 1803
patroanhillige Maria Immaculata
Jehannes de Doper
Ynformaasje bou
boustyl gotyk, neogotyk
monumintale status Kulturdenkmal
Webside
Side kleaster Eberbach
Kaart
Kleaster Eberbach (Hessen)
Kleaster Eberbach

Stifting en bloeitiid

bewurkje seksje
 
Byld Bernard fan Clairvaux oan de kleasterpoarte

De stifting fan it kleaster giet werom op Bernardus fan Clairvaux. Nei de stifting fan it kleaster Himmerod yn de Eifel besocht it sistersjinzerske kleaster fan Clairvaux noch in twadde kleaster foar harren oarder yn Dútslân te stiftjen. Clairvaux stjoerde abt Ruthard mei tolve muontsen nei Dútslân, dy't op 13 febrewaris 1136 it kleaster fan Eberbach stiften. Beskermhilligen fan it kleaster wiene Maria Immaculata en Jehannes de Doper.

 
Grûnplan kleaster

Fanút Eberbach folge al gau de stifting fan it dochterskleaster Schönau yn it Odenwald, Otterberg (1144-1145) yn de Palts, Hoch (1155) by Luik (letter Val-Dieu) en Arnsburg (1174) by Lich.

As sistersjinzersk kleaster folge Eberbach de rigel fan de sistersjinzerske herfoarming. Dy easke in kleasterlibben dat de benediktynske rigels strang neilibbe. De muontsen moasten libje fan it wurk troch eigen hân en dat makke in kleasterlibben yn Eberbach foar de aadlike boppelaach net oantreklik. Troch de hiele skiednis hinne wiene de muontsen fan Eberbach fan gewoane komôf.

De mienskip bestie út muontsen en preesters (manuum/oratores), dy't teology studearre hiene, en de konversen of likebruorren (conversi/illitterati), dy't it gewoane wurke diene. Hja wennen yn romtes dy't fan inoar skieden wiene en ek yn de kleastertsjerke hiene hja harren eigen plak. Neffens rûzings wennen der 300 persoanen yn it kleaster mei in ûnderferdieling fan 100 muontsen en 200 konversen. Sokke ferhâldings wiene der ek yn oare sistersjinzerske kleasters. It hege oandiel fan konversen foarme de basis fan de tige flugge groei fan de oarder.

Eberbach spile in grutte rol by de fersprieding fan de wynbou yn de Ryngoa en de Midden-Ryndelte. Troch skinkings krige it kleaster in soad grûn foar wynbou en oare agraryske aktiviteiten, dêrby besocht it kleaster de lappen en lapkes grûn troch bygelyks ruil safolle mooglik ta in grutskalich aréaal te foarmjen.

Al yn de 15e iuw ferlear it kleaster oan ekonomyske betsjutting. It tanimmende ynwennertal fan it Ryngoa makke de ferdieling fan lytsere pachtperselen needsaaklik mei as gefolch legere opbringsten. Yn 1525 easken opstannige boeren yn de Ryngoa de ûntbining fan de kleasters; hja plonderen de foarrieden fan Eberbach en twongen kleasters in ferklearring ôf te jaan tenei gjin muontsen mear op te nimmen. Doe't de troepen fan it Swabysk Bûn naderen, joegen de boeren belies. De ferklearring waard neatich ferklearre, mar it Swabyske Bûn easke fan de kleasters no in spesjale heffing om de kosten fan de kriich te beteljen.

De direkte gefolgen fan de reformaasje wiene foar it kleaster net al te grut, mar in pear muontsen ferlieten it kleaster. Yndirekt wiene de gefolgen slimmer mei't de hearen fan Hessen, Nassau en Kar-Palts op de nije lear oergyngen en hja yn harren lannen folsleine kontrole oer it tsjerklike libben neistribben. Dêrmei ferlear it kleaster de patronaatsrjochten en de ynkomsten fan parochy's. Ek de út de reformaasje fuortkommende krigen belesten it kleaster swier. Hieltiten wer moast it kleaster mear bysûndere belestings ôfdrage. Yn de simmer fan 1552 waard it kleaster troch de troepen fan markgreve Albrecht Alcibiades plondere, yn dy tiid in lukrative saak. Kar-Mainz rekke oan reapsein en aartsbiskop Sebastian von Heusenstamm waard twongen kleasters yn domeinen om te setten en yn it Mainzer domstift te yntegrearjen, mar de kleasters Eberbach en Bleidenstadt wisten noch selstannich te bliuwen. Yn 1553 wie de mienskip fan Eberbach slonken ta noch mar 26 muontsen en 14 konversen.

 
Eberbach yn 1646 neffens Matthäus Merian

Yn de Tritichjierrige Kriich besochten Sweedske troepen de Ryngoa. De Sweedske troepen plonderen it kleaster yn desimber 1631 en de grutte bibleteek ferdwûn. De abt wie mei it konvint flechte nei Keulen en hie it kleasterargyf meinommen. Yn 1635 koe it konvint werom gean, mar it kleaster wie yn brekfallige steat en soe syn eardere belang nea wer krije. Ek de Frânsen besoargen it kleaster yn de twadde helte fan de 17e iuw yn de Njoggenjierrige Oarloch drege tiden. De 18e iuw brocht wer bettere tiden en fan 1704 oant 1715 waard ûnder abt Michael Schnock de kleastertsjerke yn barokke styl ferboud. Ek oare kleastergebouwen waarden ferboud. It aartsbisdom Mainz besocht noch ferskillende kearen it kleaster op te heffen en de besittings by it bisdom te foegjen, mar it ferset fan Eberbach wie effektyf en it kleaster bleau ûnôfhinklik. In foardiel wie dat de besittings fan it kleaster mar foar in tredde part yn de Ryngoa lei, de rest lei yn Kar-Palts en yn Hessen-Darmstadt. By in opheffing fan it kleaster soe dat liede ta it opeaskjen fan it kleasterbesit troch Hessyske lângreven, wermei't it foar Kar-Mainz ferlern gien wie.

Sekularisaasje

bewurkje seksje
 
Kleastertsjerke

Tsjin it ein fan de 18e iuw joegen de Frânsen de muontsen it kleaster út. Op 19 july 1796 flechte te mienskip en it Frânske leger plondere it kleaster. Al gau kamen de muontsen werom, mar yn 1797 easken de Frânsen jild fan it kleaster en as pressymiddel namen hja foaroansteande boargers en amtners mei nei Frankryk, dêr't hja finzen holden waarden. Ek de bibleteek waard yn beslach nommen en in opeaske útjefte fan de Dútske Ensyklopedy moast Ebernach sels earst noch oanskaffe, om't it kleaster dy sels net hie. In weardefol stellen Marije-byld út 1420 stiet tsjintwurdich noch yn it Louvre fan Parys.

De besetting fan de lofterkant fan de Ryn troch Frankryk hie ek fan gefolgen dat Ebernach it sûnder de ynkomsten dwaan moast fan it kleasterbesit dêr. Mei de Frede fan Lunéville (9 febrewaris 1801) waarden de ferliezen op de lofterkant fan de Ryn offisjeel befêstige. De Reichsdeputationshauptschluss yn 1803 makke in ein oan it kleaster, dat mei al syn besit oerdroegen waard oan it foarstendom Nassau-Usingen as dielkompinsaasje foar de ferliezen fan it foarstendom op de lofterkant fan de Ryn (fral it greveskip Saarbrücken). Antisipearjend op de Reichsdeputationshauptschluss hie Nassau op 11 oktober 1802 al de Ryngoa anneksearre. Fuort nei de anneksaasje sette in kommisje fan de protestantske foarst útein mei de ynventarisaasje fan it fermogen fan it kleaster. Wylst alle oare kleaster al yn de maaitiid fan 1803 opheft waarden, bleau Ebernach noch wat langer iepen. Oarsaak wie de striid tusken it hartochdom Nassau en it gruthartochdom Hessen oer de ferdieling fan de pinsjoenskosten fan it kleasterpersoniel.

Mei in dekreet fan foarst Friedrich August fan Nassau waard it kleaster op 18 septimber 1803 lang om let opheven. De lêste 22 bewenners waarden op 27 novimber 1803 it kleaster útset. De lêste abt Leonhard Müller sette him yn syn bertestêd Rüdesheim nei wenjen. Nei de sekularisaasje bleaune de measte gebouwen in skoft leechstean, wylst de tsjerke foar opslacht brûkt waard. Sûnt healwei de 19e iuw groeide de ynteresse yn it kleaster, mar oant it begjin fan de 20e iuw waard it kleaster as finzenis brûkt.

Doe't de Kulturkampf foarby wie sette it bisdom Limburg útein mei de weropbou fan de sletten kleasters. De driuwende krêft wie de abt fan it Marienstatt-kleaster, dat yn 1888 op 'e nij iepene wie, en letter bikop Dominikus Willi. De befolking stie efter it stribjen en de Deutsche Zentrumspartei stipe it krewearjen yn de polityk. It regear wie lykwols wol ree om de gebouwen oan it bisdom te ferkeapjen, mar net de lânbougrûn fan it domein. Dy lânbougrûn foarme de ekonomyske basis fan it kleaster en sûnder wie in nije stifting fan 'e baan.

Nei de Earste Wrâldkriich besochten Belgyske trappisten sûnt 1921 it kleaster te befolken. Ek harren plannen koene rekkenje op stipe fan de bewenners, mar de oerheid aksele tsjin en mei it útbrekken fan de ekonomyske krisis joegen de trappisten harren plannen op. Yn de jierren 1950 waard foar in tredde kear besocht it kleaster te weriepenjen foar in ferballe Boheemsk konvint, mar ek dat mislearre om finansele redenen.

Nei de Twadde Wrâldkriich hat it kleaster noch tsjinst dien as opfangkamp foar flechtlings. Yn 1950 wennen der noch 172 minsken yn de gebouwen. Yn de tiid fan de Kâlde Kriich tsjinnen de gebouwen as needûnderkommen foar it Hessyske dielsteatregear.

Yn 1986 sette in grutte restauraasje fan it kleaster útein. Sûnt 1998 is it kleasterkompleks ûnderbrocht by de "Stiftung Kloster Eberbach". Nei't der in hiel soad rein fallen wie yn april 2005 en de Kisselbach it wetter net mear ferwurkje koe, stoartte in 18e-iuwsk ôfwetteringskanaal, dat ûnder it kleaster rûn, yn. In grut diel fan it kleaster stie ûnder wetter en de wetterskea wie grut. Sûnt 2018 wurdt ek it ynterieur fan de kleastertsjerke renovearre.

Kleastertsjerke

bewurkje seksje
 
Ynterieur fan de basilyk

Ynearsten wennen de sistersjinzers fan in earder augustynsk koarhearenstift eastlik fan de Kisselbach. Troch de foarse groei fan it tal leden fan de mienskip moast der in romaanske nijbou plakfine, dy't om 1220 hinne foltôge wie. Yn de iuwen dêrnei waarden de gebouwen yn goatyske styl ferboud en feroare. Plannen om it kleaster yn de 17e iuw te fernijen waarden troch it útbrekken fan de Tritichjierrige Kriich net útfierd. De âlde tsjerke fan it koarhearenstift waard yn de 18e iuw ôfbrutsen.

Sûnt de sekularisaasje makke de oerheid gebrûk fan de gebouwen sûnder dêr in soad oan te feroarjen. By de 20e-iuwske restauraasje waard in diel yn romaanske styl werom brocht. Yn de 19e iuw hat it kleasterterrein noch in skoft tsjinst dien as kranksinnigengesticht. It gebou fan it gesticht waard by de restauraasje ôfbrutsen.

De kleastertsjerke waard oan de súdlike kant fan it kleaster boud. It is in trijeskippige romaanske pylderbasilyk mei dwersskip. It begjin fan de bou fan de romaanske tsjerke fûn plak yn 1140. Nei in ûnderbrekking tusken 1160 en 1170 koe it alter yn 1178 wijd wurde. De konsekraasje fan de hiele tsjerke folge yn 1186 troch de aartsbiskop fan Mainz.

 
Barok stúkwurk yn de basilyk

Tusken 1313 en 1340 waarden njoggen goatyske kapellen oan it súdlike dwersskip boud. It koer krige doe ek grutte goatyske finsters, werfan't it súdlike bewarre bleaun is.

Ut de barokke tiid datearje de dakruters mei sipelfoarmige bekroaning. Oare barokke feroarings ferdwûnen tusken 1935-1939 by it herstellen fan romaanske boudielen. Oan de eastlike kant fan it dwersskip binne sawol oan de noardlike as oan de súdlike kant trije kapellen. Yn de kapellen binne resten fan it barokke stúkwurk út de iere 18e iuw bewarre bleaun.

De koarbanken en it koarhek binne net bewarre bleaun. De goatyske grêfplaten waarden by it tydlik gebrûk fan de tsjerke as stâl slim skeind. Hast alle grêfplaten steane net mear op it oarspronlike plak.

Yn de tsjerke wurde konserten organisearre.

Oare gebouwen

bewurkje seksje
 
Kleastergong

Dielen fan de romaanske kleastergong waarden nei de sekularisaasje yn 1804 ôfbrutsen. De súdlike kant fan de kleastergong is goatysk, de noardlike kant goatysk en foar in part romaansk. Boppe it westlike diel fan de kleastergong waard yn de jierren 1478-1480 in nije bibleteek boud. It letgoatyske fakwurk waard by de restauraasje yn de 20e iuw wer frijlein. De treptoer datearret fan 1500.

De gebouwen noardlik fan de kleastergong (portikus, keuken en refektoarium) binne tusken 1720 en 1724 op it plak fan âldere gebouwen boud. It ûnderste diel bestiet foar in part út dy âldere bou.

 
Lekenrefektoarium

De bou fan it 109 meter lange gebou westlik fan it kleaster sette yn 1190 útein, dat oarspronklik twa ferdjippings heech wie, mar yn de 16e iuw mei in etaazje ferhege en langer makke waard. De Klostergasse skiedt it gebou fan de kleastergong. It súdlike diel waard brûkt as lekenrefektoarium, in 47 meter lange twaskippige romte dy't hielendal yn de oarspronklike romaanske steat bewarre bleaun is. Noardlik dêrfan leit skieden fan in gong de wynkelder (cellarium). Op de earste ferdjipping wie it dormitoarium foar de leken. De 86 meter lange en 13 meter brede seal út it begjin fan de 13e iuw waard by de renovaasje fan de jierren 1960 yn romaanske steat werom brocht.

 
Dormitoarium foar muontsen

Oan it noardlike dwersskip fan de kleastertsjerke waard yn it ramt fan de iergoatyske ferbouwing om 1250 hinne it armarium, de sakristy, de kapittelseal, it parlatoarium en de, tsjintwurdich as wynkelder brûkte, 48 meter lange seal foar de likebruorren. Nei't de bibleteek ferhûze nei de ferdjipping boppe de kleastergong waard it armarium as grêfplak yngebrûk nommen. De kapittelseal kin troch de krúsgong binnen gien wurde en is heechgoatysk fan foarm. De romte wurdt mei twa rigen stiennen banken omseame en waard yn 1500 beskildere mei plantenmotiven. Op de earste ferdjipping wie it dormitoarium foar de muontsen, in 74 meter lange en 14 meter brede, twaskippige seal. De iergoatyske romte is mei mear as 1000 m² ien fan de grutste net-religieuze romtes fan de midsiuwen. It dormitoarium is mei in trep fuort mei it dwersskip fan de tsjerke ferbûn. Yn de tiid fan it kleaster tsjinne it dormitoarium as sliepseal foar 150 muontsen.

Eastlik fan it kleaster stiet op de oare kant fan de Kisselbach it âlde hospitaal. It letromaanske gebou tsjinne oarspronklik om gasten ûnder te bringen en siken te ferpleegjen. Yn de barokke tiid waard it gebou yn de jierren 1721-1722 ferboud en krige it gebou in wolvedak. Yn it gebou is in 39 meter lange en 16 meter brede seal mei in letromaansk krúsgraadferwulft.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur en Einzelnachweise, op dizze side.