Emma-Piramide
De Emma-Piramide is in âlde útsjochhichte yn Velp yn de gemeente Rheden op de grins mei de gemeente Rozendaal. It leit oan de Klûzenerswei. De top leit op 98 m. +NAP.
Skiednis
bewurkje seksjeYn 1891 waard der foar wurkferskaffing op de Klûzenersberch in útsjochtoer boud. Fan dizze berch ôf waard sjoen oft der boskbrânen earne yn de omkriten wienen. Letter feroare de namme fan de útsjochberch yn Emmaheuvel, nei de doe regearende keninginne Emma. Letter waard der op de Emmaheuvel in houten útsjochtoer setten om noch fierder sjen te kinnen. Troch de houten wâlen dy't op de heuvel setten waarden om grûnfersakkings foar te kommen, hie de heuvel wol wat wei fan in piramide. Dêrom waard der hieltiten faker tsjin de Emmaheuvel "Emma-Piramide" sein, wêrtroch't dat geandewei de echte namme waard.
Tsjintwurdich is de pyramide net mear yn gebrûk as brântoer. De beammen der omhinne binne heech opgroeid wêrtroch't allinnich Arnhim en Velp noch te sjen binne. By de Emma-Piramide is in monumint setten foar de manlju dy't dêr yn 1944, yn de Twadde Wrâldoarloch, eksekutearre binne.