Enger is in stêd en gemeente yn it distrikt (kreis) Herford yn Noardryn-Westfalen, Dútslân. It plak hat goed 20.000 ynwenners. Enger leit tusken it Teutoburgerwâld en it Wiehenberchtme en it leit sa'n 6 kilometer bewesten Herford, it haadplak fan it distrikt. Oare plakken yn de omkriten binne: Spenge, Bünde, Hiddenhausen en Bielefeld.

Enger
Flagge Wapen
Polityk
Lân Dútslân
Dielsteat Noardryn-Westfalen
Kreis Herford
Sifers
Ynwennertal 20.483 (31-12-2016)
Oerflak 41.21 km²
Befolkingstichtens 500 /km²
Hichte 107 m. boppe seenivo
Oar
Stifting Iere Midsiuwen (ierste ferm: 948)
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Koördinaten 52°8′0″N 8°34′0″E
Webside www.enger.de
Enger yn it distrikt Herford
 
Kaart fan de gemeente

It plak waard foar it earst neamd yn 948 en neamt himsels Widukindstêd. De Saksyske lieder Widukind ferstoar yn 808, mar der is gjin bewiis dat Enger yn syn tiid al bestien hat. Neffens in leginde hat Widukind nei syn doopjen in tsjerke stifte en dat er dêr oant syn dea wenne hat. Hy waard begroeven yn de tsjerke fan Enger en syn tombe stiet der noch hieltyd. Nettsjinsteande dat, bliuwt it drúskjen oft it stoflik omskot fan Widukind wier yn de tombe leit. Undersiken hawwe oantoand dat it tinkstien fan om 1100 hinne is.

De gemeente Enger bestiet út de folgjende plakken (befolking fan 31 desimber 2005):

  • Belke-Steinbeck (2.471)
  • Besenkamp (1.849)
  • Dreyen (1.404)
  • Enger (7.809)
  • Herringhausen (West) (430)
  • Oldinghausen (773)
  • Pödinghausen (2.181)
  • Siele (122)
  • Westerenger (3797)

It besjen wurdich

bewurkje seksje
  • Widukinds tombe
  • Widukind museum
  • Widukindfeest ("Timpkenfest"), dat holden is jierliks op 6 jannewaris 6
  • "Kirschblütenfest".


Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: