Enkomi (Gryksk: Έγκωμη; Turksk: Tuzla) is in doarp by Famagusta op it eilân Syprus. It leit net fier fan it argeologysk plak mei deselde namme. Enkomi leit yn 'e ynternasjonaal net erkende Turkske republyk Noard-Syprus.

Enkmomi
Έγκωμη / Tuzla
Doarpsgebiet (donkergrien) yn it distrikt Famagusta.
Doarpsgebiet (donkergrien) yn it distrikt Famagusta.
Bestjoer
Lân de jure: Republyk Syprus
de facto: Noard-Syprus
Distrikt de jure: Famagusta
de fakto: Gazimağusa
Sifers
Ynwennertal 2.645 (2011)
Oar
Tiidsône UTC +2
Simmertiid UTC +3
Koördinaten 35° 9' N 33° 52' E
Kaart
Enkomi (Syprus)
Enkomi
loftfoto fan argeologysk Enkomi.

Yn 1974 hie Enkomi likernôch 800 Gryksk-Syprioatyske ynwenners. Hja flechten allegear nei it suden fan it eilân, doe't de Turken Syprus binnenfoelen. Hjoed-de-dei is it doarp wat ynwennertal oanbelanget grutter. De bewenners fan it tsjintwurdige Enkomi binne ôfkomstich út de omkriten fan Larnaka. Fierder bestiet de befolking út kolonisten út de Turkske provinsjes Adana en Trabzon.

Noard fan it plak leit it Sint-Barnabaskleaster, dêr't it grêf fan 'e apostel Barnabas leit.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dit artikel is foar in part in oerseting fan en:Enkomi.