Famagusta (Gryksk: Αμμόχωστος, Ammóchostos; Turksk: Mağusa, nei de Turkske ynvaazje fan 1974 omneamd yn Gazimağusa) is in stêd oan 'e eastlike kust fan Syprus. De stêd leit yn 'e ynternasjonaal net erkende Turkske republyk Noard-Syprus. Famagusta is feitlik de haadstêd fan it distrikt Gazimağusa, formeel lykwols noch altiten it haadplak fan it distrikt Famagusta fan 'e Republyk Syprus.

Famagusta
Αμμόχωστος/Gazimağusa
De eardere Nikolaaskatedraal.
De eardere Nikolaaskatedraal.
Bestjoer
Lân de jure: Republyk Syprus
de facto: Noard-Syprus
Distrikt de jure: Famagusta
de fakto: Gazimağusa
Sifers
Ynwennertal 55.648 (2019)
Oar
Tiidsône UTC +2
Simmertiid UTC +3
Koördinaten 35° 7' N 33° 56' E
Kaart
Famagusta (Syprus)
Famagusta

Yn 'e antike tiid hiet de stêd nei de Egyptyske keninginne Arsinoë II ek foar in skoft Arsinoë. De Grykske betsjutting Ammochostos betsjut 'ferside yn it sân', út dy namme hat him yn 'e midsiuwen de namme Famagusta resp. Mağusa ûntwikkele.

It eardere fiskersdoarpke Ammochostos krige yn 'e Byzantynske tiid mear betsjutting mei't de bewenners fan 'e noardlike oanbuorjende stêd Constantia/Salamis nei Arabyske ynfallen, ferskillende ierdskoddings en de fersâning fan 'e haven, harren dêr nei wenjen setten. Dochs groeide Ammochostos net út ta in belangrike stêd, ek al hie it dêr in djippe haven.

Pas nei't de Frankrykse krúsfarder Guido fan Lusignan, oant 1192 kening fan Jeruzalim, it eilân Syprus yn 1192 fan kening Richard Liuwehert kocht, soe de stêd yn 'e 13e iuw ta de rykste stêd fan it eastlike Middellânske Seegebiet útgroeie. Yn 1291 nei de fal fan Akko flechten aadlike minsken, ridders, keaplju en geastliken út Palestina wei nei Syprus en hja droegen by ta de groei fan Famagusta as hannelssintrum mei ferbiningen yn it Midden-Easten en Itaalje. Famagusta waard in kultureel sintrum en wie in eastlike bûtenpost fan 'e Tsjerke fan Rome mei in biskopssit.

 
De yn 'e 14e iuw boude Otellotoer.

De stêd groeide yn 'e 14e iuw oant 40.000 ynwenners en krige nije ferdigeningswurken. Under Hindrik II waard de sitadel oan 'e haven boud, dêr't him saken ôfspile ha, dy't letter de basis foarmen foar Shakespeare's lettere drama Otello.

Tusken 1291 en 1373 waard yn Famagusta de Sint-Nikolaaskatedraal yn 'e styl fan 'e Frânske gotyk boud. Sûnt de 14e iuw wie de katedraal it plak, dêr't de Lusignans ta keningen fan it ûndergiene Keninkryk Jeruzalim salve waarden nei't hja earder yn 'e . Om de katedraal waarden yn 'e 14e en 15e iuw troch de ridderoardes en de Syryske, Armeenske, Italjaanske, Grykske en joadske mienskippen in grut tal tsjerken, kleasters, synagoges en moskeeën boud. Om 1330 hinne wie de wolstân fan Famagusta op syn hichtepunt, mar Genua en Feneesje krigen jimmeroan mear macht en ynfloed en konkurearren meiïnoar om de macht. Mei de kroaning fan Peter II ta kening fan Jeruzalim ûnstie der opskuor yn 'e stêd. Der waard plondere en fernield en ek waarden der Genueeske keaplju fermoarde. Troepen fan 'e Genueeske doge Pietro di Campofregoso besetten de stêd yn 1374 en dy easke in hege skeafergoeding en alle jierren tribút, dy't Jakob I foldie. Mei help fan 'e Fenesianen wisten de Lusignans yn 1464 de macht oer Ammochostos werom te krijen. Yn 1489 droech de út Feneesje stammende keninginne Katarina Cornaro de macht fan it hiele eilân oer oan 'e Republyk Feneesje.

 
Famagusta yn 1487.

Noch ienris soe ûnder Fenesiaansk bewâld Ammochostos in bloeiperioade meimeitsje. Om't der jimmeroan mear driging fanút it Ottomaanske Ryk útgie, waarden tusken 1491 en 1567 de ferdigeningswurken yn renêssânse styl ferboud en útwreide. De likernôch 3,5 km lange stedsmuorre waard oant 17 m ferhege en oant 9 meter ferbrede, der waard in djippe grêft groeven en de bolwurken krigen nije bûtenwurken. Ek de seepoarte waard fernijd en tusken 1552 en 1554 waard de sitadel fergrutte, wylst tagelyk in nij paleis foar de gûverneur boud waard.

Ottomaanske oermastering

bewurkje seksje
 
De lijenswei fan Marcantonio Bragadin nei de oerjefte fan 'e stêd oan 'e Ottomanen.

Yn 1570 wie it safier en stie it Ottomaanske leger ûnder lieding fan Lala Mustafa Pasja foar de stêd. Nei in belis fan alve moannen moasten de lêste 500 ferdigeners de stêd op 1 augustus 1571 harren ferset opjaan. De Ottomanen ûnthieten de bewenners dat harren libben sparre wurde soe, mar nei de oerjefte op 4 augustus 1571 brieken de Ottomanen de oare deis harren ûnthjit en fermoarden doe alle kristenen. Fral it lot fan de gûverneur fan 'e stêd en legeroanfierder Marcantonio Bragadin gie jin troch alles hinne: ynstee fan 'e earfolle ôftocht dy't him ûnthjitten wie, waard de man twa wiken lang foltere. De Turken sniene him de earen en noas ôf, sleepten him troch de stêd en oan 'e ein fan alle tamtaasjes waard him op 17 augustus 1571 libben de hûd ôfstrûpt.[1]

De yn 'e striid skraachwurk fernielde stêd waard neitiid troch de Ottomanen ferneatige, de tsjerken waarden yn moskeeën feroare lykas de Sint-Nikolaaskatedraal yn 'e Lala Mustafa-moskee en oare tsjerken waarden pakhûzen. Dochs hat Famagusta hjoed-de-dei noch 22 tsjerken, mar de measten dêrfan binne yn ruïneuze steat.

In nije bloei makke Famagusta ein jierren 1960 mei. It belang fan it toerisme naam ta en nei de ûnôfhinklikens fan Syprus yn 1960 ûntstie oan 'e súdlike râne fan 'e it stedsdiel Varosha it wichtichste toeristyske sintrum fan it eilân.

 
Varosha: eartiids in mondain sintrum fan toerisme, dêr't de Europeeske jetset fakânsje fierde; hjoed-de-dei in ferfallen spoekstêd dêr't nimmen mear wennet.

By de Turkske ynvaazje fan 1974 spile de histoaryske binnenstêd fan Famagusta noch in opmerklike rol. In soad Turksk Syprioaten wiene troch de oarloch út de omkriten nei de binnenstêd flechte en waarden dêr trijeëninheale wike troch de Nasjonale Garde fan Syprus omsingele. De Turkske striidkrêften besetten de stêd en it toeristyske Grykske stedsdiel Varosha. Dat diel waard in militêr sperrgebiet en soe by lettere ûnderhannelingen as ûnderpân tsjinje.

De hjoeddeiske stêd mei likernôch 40.000 ynwenners hat yntusken as toeristysk sintrum en de lêste jierren as universiteitsstêd wer wat betsjutting krige.

Foar 1974 hie Famagusta in ynwennertal fan likernôch 39.000 bewenners. De befolking wie doe út 26.500 Gryksk-Syprioaten, 8.500 Turksk-Syprioaten en 4.000 oare etnyske groepen gearstald. Hjoed-de-dei hat de stêd in ynwennertal fan likernôch 41.000 ynwenners, wêrfan't it grutste part Turksk-Syprioaten of migranten út Turkije binne.

It besjen wurdich

bewurkje seksje
 
Haven fan Famagusta.

De histoaryske binnenstêd wurdt noch altiten omklamme troch in foar in grut part oarspronklike 16e-iuwske, mear as 3500 m lange ferdigeningsmuorre. It hjoeddeiske sintrum leit om de Lala Mustafa Pasja-moskee, de oarspronklike Sint-Nikolaaskatedraal. De katedraal waard troch Frânske boumasters as trijeskippige basilyk boud. Binnen de stedsmuorren binne noch de ruïnes te sjen fan it grutte tal tsjerken dat Famagusta ea telde.

It Palazzo dek Provveditore wie de eardere sit fan 'e Fenesiaanske stedskommandant en is tsjintwurdich in ruïne. Dêrnjonken lizze de ruïnes fan in Fransiskaansk kleaster en de yn 1360 boude Petrus- en Paulustsjerke en nei de Ottomaanske oermastering de Sinan Pasja-moskee. Fan 'e eartiidske paleizen fan 'e krúsridders binne allinne ruïnes oerbleaun. Ut de ier-Ottomaanske tiid datearret de Pasja Hammam, dêr't hjoed-de-dei in kafee is ûnderbrocht.

It Stedsmuseum Namık Kemal bewarret in grut tal fynsten. Yn in aparte romte is it mei militêre dekoraasjes en flaggen fersierde grêf fan Canbulat, dy't syn libben offere by de Ottomaanske oanfal op Syprus en dêr as held fereare wurdt.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: