Salamis (Akkadysk: Ki-(i)-su, Aldgryksk: Σαλαμίς, Gryksk: Σαλαμίνα; Salamina, Turksk: Salamis, Latyn: Konstantia) is it grutste argeologyske opgravingsterrein op Syprus. It leit oan 'e eastlike kant fan it eilân en 6 km noard fan it hjoeddeiske Famagusta yn 'e ynternasjonaal net erkende Turkske Republyk fan Noard-Syprus. Salamis wie sûnt 1075 f.Kr. de belangrykste stêd fan it eilân, nei't Enkomi in pear km fierder it lân yn troch in ierdskodding ferneatige waard. Neffens de Grykske mytology soe Teukros, in healbroer fan Ajaks en de soan fan kening Telamon, de stifter fan 'e stêd west ha.

Salamis
lokaasje
lân de jure Syprus
de fakto: Noard-Syprus
plak 6 km noard fan Famagusta
koördinaten 35° 10' N 33° 54' E
bysûnderheden
oare namme Konstantia
type plak delsetting
skiednis
stifte 1075 f.Kr.
ferlitten 648
kultuer Romeinsk, Byzantynsk
archeology
ûntdutsen ein 19e iuw
opgravings 1952-1974; 1998-
lânkaart
Salamis (Syprus)
Salamis

Salamis wie ek de stêd dêr't Paulus, Barnabas en Jehannes Markus op de earste sindinsreis fan Paulus it wurd fan God preken. Neffens Hannelingen 13:2-5 kamen hja yn 'e haven fan Salamis oan en ferkundigen dêr yn 'e synagogen it wurd fan God.

Bylden út it gymnasium (no yn it Syprus Museum fan Nikosia).

De stêd Salamis wie strategysk fan grut belang fanwegen de haven, dy't op it krúspunt fan Europa, Aazje en Afrika lei. Troch de iuwen hinne lei Salamis mei de rest fan Syprus yn 'e ynfloedssfearen fan it Assyryske, Perzyske, Grykske en Romeinske Ryk. De namme fan 'e stêd moat net betiizge wurde mei it eilân foar de Ateenske kust mei deselde namme.

Om 450 f.Kr. hinne fûn by Salamis in seeslach plak tusken de skippen fan it Delyske Bûn, ûnder lieding fan Kimon II en de Perzen. Dy seeslach moat net betiizge wurde mei de Slach by Salamis, dy't 30 jier earder by it niisneamde eilân Salamis bt Atene plakfûn. Salamis wie ek de residinsje fan kening Euagoras I (411-373 f.Kr.), dy't om 400 f.Kr. de Grykske ynfloed in nije ympuls joech en de Fenisyske ynfloed útskeakele. Ptolemaeus I fan Egypte ferlear yn 306 f.Kr. by Salamis in grutte seeslach mei Demetrios I Poliorketes, mar doe't Ptolemaeus tolve jier letter yn 294 f.Kr. de stêd werom ferovere, bleaune de Ptolemaeën dêr foar goed twa iuwen de baas. Yn 'e Romeinske tiid waard Pafos de haadstêd fan Syprus, al bleau Salamis doe ek wichtich.

Salamis waard yn 'e rin fan 'e tiid ferskillende kearen troch ierdskoddings ferneatige. Yn 'e 4e iuw waard de stêd as Konstantia werboud, in ferneaming nei keizer Konstantius II, dy't de stêd fanwegen de ierdskoddings holp. Yn 'e 7e iuw waard Syprus troch ynfallende Arabieren besocht, dy't Salamis ferneatigen en dêrnei waard de stêd net op 'e nij werboud.

 
Teater
 
Gymnasium.

Te sjen binne û.o.:

  • De resten fan it akwadukt, dat foar de oanfier fan wetter foar û.o. de baden soarge.
  • Fan it gymnasium binne de pylders bewarre bleaun, dy't de palaestra omfiemen.
  • In Romeinsk teater, dat boud wie foar likernôch 15.000 minsken en oarspronklik 50 rigen banken hie (no 18).
  • De ruïnes fan in Romeinsk amfiteater.
  • Mienskiplike latrine foar goed 40 man.
  • In Gryksk termenkompleks dat eartiids flierferwaarming hie.
  • In Kaldarium dat in ferwaarmingssysteem hie.
  • De resten fan de Byzantynske basilyk Agios Epifanios.
  • De Kambanopetrabasilyk.
  • De Byzantynske sisternen.
  • De keningsgrêven.

West fan it argeologyske Salamis leit it Sint-Barnabaskleaster.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: