Petrus- en Paulustsjerke (Famagusta)

De Petrus- en Paulustsjerke is ien fan 'e grutste goatyske tsjerken fan 'e Syprioatyske stêd Famagusta.

Petrus- en Paulustsjerke
Lokaasje
lân de jure Syprus
de fakto: Noard-Syprus
distrikt de jure: Famagusta
de facto Gazimağusa
plak Famagusta
adres Abdullah Paşa Sk
koördinaten 33° 07 N, 33° 56 'E
Tsjerklike gegevens
patroanhillige Petrus en Paulus
status sekularisearre
Arsjitektuer
boujier twadde helte 14e iuw
boustyl gotyk
Kaart
Petrus- en Paulustsjerke (Syprus)
Petrus- en Paulustsjerke

De trijeskippige tsjerke waard om 1360 hinne boud. In foarse bydrage foar de bou joech de rike Syryske keapman Simon Nostrano.

 
Westlike gevel.

De tsjerke liket wat it ûntwerp oanbelanget in soad op 'e Sint-Joaristsjerke fan 'e Griken, dy't om 'e selde tiid hinne boud waard. Opfallend binne de loftbôgen oan 'e tsjerke, dy't nedich wiene fanwegen de hichte fan it gebou. De ûndjippe fûneminten of ierdskoddings makken yn 'e 16e iuw oan 'e súdkant fan 'e Petrus- en Paulustsjerke in twadde rige mei loftbôgen needsaaklik. Ek hjoed-de-dei is te sjen dat de muorre nei bûten bûgd. Om 't de tsjerke by de Ottomaanske bombardeminten by it belis fan Famagusta yn 1571 sparre waard, wurdt der tocht dat de tsjerke doe al net mear as tsjerke brûkt waard. Nei de Ottomaanske oermastering fan 'e stêd waard de tsjerke feroare yn 'e Sinan Pasja-moskee. Op 'e súdwestlike hoeke waard in minaret tafoege, dy't lang ferlyn ôfbriek en no net mear boppe it dak útkomt.

De eardere Petrus- en Paulustsjerke of de Sinan Pasja-moskee hat hjoed-de-dei gjin funksje mear as religieus gebou. Yn 'e Britske tiid fan it eilân waard de moskee as jirpel- en nôtskuorre brûkt, sadat de minsken it gebou de bynamme 'weetmoskee' (Bugday Cami) joegen. Dêrnei krige it gebou noch oare funksjes en yn 1964 waard it stedhûs en de bibleteek dêr ûnderbrocht.


Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: