Belis fan Famagusta
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
It Belis fan Famagusta troch Ottomaanske troepen yn 1571 late ta de oerjefte fan 'e stêd troch Fenesiaanske troepen. Alhoewol't by de ûnderhannelings in frije ôftocht ûnthjitten waard, fûn der neitiid in grutte slachtpartij plak. Mei de oermastering fan 'e stêd waard de Ottomaanske ferovering fan Syprus ôfsletten. Wat letter nei de fal fan Famagusta waard de Ottomaanske float by de Slach by Lepanto troch de Hillige Liga ferslein, dy't spesjaal foarme wie om Syprus en Famagusta te rêden.
Eftergrûn
bewurkje seksjeIt grutte en rike eilân Syprus stie sûnt 1489 ûnder Fenesiaansk bewâld. Tegearre mei Kreta wie it ien fan 'e belangrykste besittings fan 'e Republyk Feneesje. De befolking fan it eilân telde healwei de 16e iuw likernôch 160.000 ynwenners. De lokaasje fan it eilân wie belangryk foar de kontrôle fan 'e hannel mei de Levant en de produksje fan katoen en sûker op it eilân soarge foar in soad winsten.
Yn 'e jierren 1560 waard op oanwizingen fan Sforza Pallavicinifan hurd wurke oan de fernijing fan 'e ferdigening fan Syprus, Kreta, Korfoe en oare Fenesiaanske besittings. De garnizoenen waarden fergrutte en der waard besocht om de fan Feneesje isolearre eilannen Kreta en Syprus mear selsfoarsjennend te meitsjen troch jitterijen en buskrûdmûnen te bouwen. Dochs waard der earstich rekken mei holden dat Syprus sûnder help it net lang soe úthâlde. De fan Feneesje isolearre lokaasje fan Syprus wie omfieme troch gebieten dy't fan 'e Ottomanen kontrolearre waarden. Syprus, sa lei in kronykskriuwer út dy tiid út, waard troch syn nuodlike lokaasje "de wolf yn 'e bek lein". Brek oan foarrieden en sels buskrûd soe lang om let in kritike rol spylje by de fal fan 'e Fenesiaanske forten oan 'e Ottomanen. Feneesje koe boppedat net fertrouwe op stipe fan it belangrykste kristlike lân oan 'e Middellânske See, it Habsburchske Spanje, dy't it te drok hie mei de ûnderdrukking fan 'e Nederlannen. In oar probleem foar Feneesje wie de hâlding fan 'e otterdokse befolking op Syprus. De autoritêre behanneling en de belestingmaatregels fan 'e Fenesiaanske katoliken hiene by de otterdokse Grykske befolking in soad lilkens oproppen, sadat hja oer it generaal gjin sympaty hiene foar de Fenesianen.
De Turken beslisten om Syprus te feroverjen en op 27 juny sette in float mei 350 oant 400 skippen en 80.000 oant 150.000 man koers foar Syprus. De haadstêd Nikosia en oare Fenesiaanske fortifikaasjes waarden ferneatige. De noch ûnfoltôge Fenesiaanske ferdigeningswurken koene noch net brûkt wurde om it machtige Ottomaanske leger op te kearen en de 20.000 soldaten en de ynwenners fan 'e stêd waarden fermoarde; wylst 2.000 jonkjes sparre waarden om se as seksslaven nei Konstantinopel te stjoeren.
Op 15 septimber 1570 stie de Turkske kavalery foar de muorren fan it lêste Fenesiaanske bolwurk yn Syprus, Famagusta. Op dat stuit rûnen de Fenesiaanske ferliezen al ynklusyf gewoane ynwenners op ta 56.000 deaden of finzenen. De Fenesiaanske ferdigening fan Famagusta telde mar 8.500 man mei 90 kanonnen en stie ûnder lieding fan Marcantonio Bragadin. Se soene it foar 11 moannen úthâlde tsjin in legermacht fan meiïnoar mear as 200.000 man mei 145 kanonnen, genôch tiid foar de paus om in anty-Ottomaanske koalysje fan kristlike steaten op poaten te setten.
Belis
bewurkje seksjeMarcantonio Bragadin joech mei Lorenzo Tiepolo, kapitein fan Pafos, en generaal Astorre Baglioni (de lêste gûverneur fan Fenesiaansk Syprus) lieding oan 'e ferdigening fan Famagusta.
De Ottomanen moasten alve moanne lang druk op de tsjettel hâlde, wylst harren artillery sûnder opûnthâld de bolwurken fan 'e stêd bestookten. Neffens Fenesiaanske kronykskriuwers ferdigenen likernôch 6.000 man de stêd tsjin 250.000 Turken mei 1.500 kanonnen, mei dêrnjonken noch likernôch 150 skippen dy't tefoarren komme moasten dat der fersterking trochkaam. Dy oantallen binne nei alle gedachten oerdreaun.
It belegere garnizoen fan Famagusta fierde lykwols in heldestriid, dy't folle fierder gie as de meast optimistyske ferûnderstellingen, tsjin in folle gruttere oermacht en sûnder hope op help út it heitelân. Boppedat pasten de Turken nije taktiken ta. De hiele gurdle fan muorren om 'e stêd hinne wie oant de râne ta mei ierde folle en de Turken besochten mei tunnels ûnder de muorren te kommen en se op te blazen, sadat der gatten ûntstiene. Yn july 1571 slaggen de Turken der yn om bressen yn 'e fortifikaasjes te slaan en de troepen setten foet yn 'e sitadel, mar de Fenesiaanske ferdigeners wisten tsjin hege ferliezen de fijân werom te kringen.
Neffens Fenesiaanske kroniken ferlearen de Turken likernôch 52.000 man yn fiif grutte oanfallen, ynklusyf de earste soan fan 'e Turkske kommandant Lala Kara Mustafa Pasja. It Fenesiaanske garnizoen ferlear hast 8.000 soldaten, wêrfan't yn 't lêst noch mar 900 oer wiene, wylst in grut part fan 'e de noch libjende manlju ferwûne of stjerrende wie. De hongerjende ynwenners hiene de lêste moanne Bragadin hieltiten wer smeke om belies te jaan. Mei't de foarrieden en de munysje oprekken en der noch gjin sicht op help út Feneesje wie, frege Bragadin lang om let om de betingsten foar in oerjefte.
Oerjefte
bewurkje seksjeOp 1 augustus stelden de Ottomanen ûnderhannelingen foar in oerjefte út en hja ûnthjitten de ferdigeners in earefolle ôftocht mei wapens en besit nei Kreta. De Grykske bewenners mochten kieze oft hja meigyngen of ûnder Ottomaansk bestjoer efterbleaune. Op dat útstel joegen de Fenesianen belies en de evakuaasje ferrûn sa't it like ynearsten goed. Doe't it safier wie en de stêd offisjeel oerdroegen wurde soe, wie de hoflikens fan 'e Ottomaanske generaal ynienen oer, hy begûn him lumich te gedragen en Bragadin te beskuldigjen dat er heart hie dat er in groep finzen nommen pylgers nei Mekka fermoarde hie en easke in ferklearring. Bragadin ûntkende dat en sil mooglik Mustafa der op wiisd ha dat er in ekskús socht om wraak te nimmen foar it feit dat in pear hûndert Fenesiaanske soldaten yn steat wiene om moannenlang wjerstân te bieden oan syn oermachtige leger.
Hoe dan ek, ynienen luts Lala Kara Mustafa Pasja syn knyft en snie Bragadin him it rjochterear ôf, wêrnei't er syn bewekkers opdracht joech om ek it oare ear en syn noas ôf te snijen. Mustafa joech sels opdracht om gûverneur Astorre Baglioni te fermoardzjen, om't dy it oandoarste te kleijen dat de ôfspraken oer de oerjefte net neikommen waarden. Dêrnei waarden alle kristenen dy't noch yn 'e stêd wiene útmoarde. Bragadin waard noch twa wiken mei otterjende wûnen finzen holden en dêrnei út de finzenis helle en mei sekken modder en stien op 'e rêch om 'e muorren dreaun, op in stoel fêstbûn en oan 'e mêst fan it Turkske flaggeskip fêstbûn, dêr 't it Turkske seefolk him bespotten.
Op it lêst sleepten se Bragadin nei it plak dêr't er eksekutearre wurde soe, it plein, en bûnen him neaken oan in pylder. Wylst Bragadain Kristus oanrôp en it Miserere opsei, setten de beulen útein mei it ôfstrûpen fan syn hûd. Bragadin's fjouwerdielde en ôfstrûpte lichem waard dêrnei ferdield as trofee ûnder it leger. De stikken hûd waard by inoar socht, opstoppe en wer oaninoar naaid. En sa waard Bragadin fersierd mei syn militêre ynsignes op in okse set om dêrnei yn in gekoanstekkende prosesje troch de strjitten te riden. De grouwélige trofee waard tegearre mei de hollen fan Alvise Martinengo, Gianantonio Querini en kastielhear Andrea Bragadin boppe de kriichswimpel fan it slachskip fan 'e Ottomaanske kommandant, Amir al-bahr Mustafa Pasja, hyst en nei Konstantinopel fearn as in kado foar sultan Selim II.
De ferneamdheid fan Bragadin is te tankjen oan it ferset dat er bea tsjin in ûnbidich grutte oermacht. Fanút militêr eachpunt easke it trochsettingsfermogen fan it Turkske garnizoen sa'n grutte ynspanning, dat se net op 'e tiid bykamen om aksje te ûndernimmen doe't de Hillige Liga de float opboude en dy letter by Lepanto de Turkske float fersloech. It nijs fan 'e dea fan Bragadin feroarsake boppedat in soad fjoer ûnder Fenesiaanske soldaten en hja fochten yn 'e float fan 'e Hillige Liga mei noch mear fûlens as de oaren by de beslissende Slach by Lepanto, doe't de Ottomaanske float troch de kombinearre Súd-Europeeske striidmacht ferplettere waard en der ynearsten in ein kaam oan de Ottomaanske ekspânsje nei it westen.
De Ottomanen holden lykwols Syprus, mar nei de fal fan Famagusta ferlear de stêd syn betsjutting.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|