Hillige Liga (1571)

De Hillige Liga (Latyn: Liga Sancta, Spaansk: Liga Santa, Italjaansk: Lega Santa) fan 1571 wie in inisjatyf fan paus Pius V en bestie út in grut tal seemachten fan it Middellânske Seegebiet. It doel wie om de Ottomaanske macht yn it eastlike Middellânske Seegebiet te brekken. De Liga waard formeel op 25 maaie 1571 sletten.

Findel fan 'e Hillige Liga.

Oansletten wiene:

De steaten moasten tegearre alle jierren op 1 april in float gearstalle fan 200 galeien, 100 oare skippen, 50.000 soldaten, 4.500 ruters en genôch kanonnen. Juan fan Eastenryk, de ûnwettige healbroer fan kening Filips II fan Spanje, fierde it opperbefel.

De Liga stelde it lidmaatskip ek iepen foar it Hillige Roomske Ryk, Frankryk en Portugal, maar gjin fan dy lannen makke dêr gebrûk fan. It Hillige Roomske Ryk woe mei Konstantinopel de wapenstilstân repektearje, wylst Frankryk mei de Ottomanen in aktyf anty-Spaansk bûn hie. Portugal koe fierder net noch mear striidkrêften misse mei't it lân it al drok genôch hie mei in Marokkaanske kampanje, de konfrontaasjes mei de Ottomanen yn 'e Reade See en de Yndyske Oseaan en koloniale konflikten.

De Liga stelde oarspronklik in float gear om 'e Feneesjaanske ferdigening fan Syprus by te stean, dêr't yn july 1570 Ottomaanske troepen ûnder lieding fan Lala Kara Mustafa Pasja binnenfallen wiene. It slagge lykwols net om de Ottomaanske oermastering fan it eilân op te kearen.

 
Slach by Lepanto.
skildere troch Andries van Eertvelt.

Op 7 oktober 1571 fersloech de Liga de Ottomaanske float yn 'e Slach by Lepanto, west fan Grikelân. De float fan 'e Hillige Liga yn dy slach bestie út 212 kriichsskippen (206 galeien en 6 galja's, de grutte troch Feneesje ûntwikkele moderne galeien) mei 1.815 kanonnen en 28.500 ynfanterysoldaten. De mearderheid fan 'e kriichsskippen wie Feneesjaansk (6 galja's, 109 galeien). Spanje levere dêrnei it grutste kontingint kriichsskippen fan 49 galeien, wêrûnder 26 galeien út Napels, Sisylje en oare Italjaanske gebieten. Genua levere 27 galeien, de Tsjerklike Steat sân, de Oarder fan Stefanus fan it gruthartochdom Toskane fiif, it hartochdom Savoye en de Ridders fan Malta elts trije en dan wiene der noch in pear partikuliere galeien yn Spaanske tsjinst.

De oerwinning by Lepanto betsjutte dat de Habsburgers en harren Italjaanske bûnsmaten de westlike helte fan 'e Middellânske See feilich stelden foar in fierdere Ottomaanske oerhearsking.

It jier nei de Slach by Lepanto krige de kristlike float op 'e nij te meitsjen mei in fernijde Ottomaanske float fan 200 skippen ûnder lieding fan Kılıç Ali Pasha, mar de Ottomaanske kommandant gie in konfrontaasje mei de kristlike float aktyf út de wei en farde mei syn skippen nei de feiligens fan it fort fan Modon. De komst fan it Spaanske skwadron fan 55 skippen brocht de oantallen oan beide kanten lyk en iepene in mooglikheid foar in beslissende slach, mar it ûntbrekken fan ienriedigens ûnder de kristlike lieders ferspile dy kâns. De Hillige Liga besocht noch Navarino te oermasterjen, mar dat mislearre.

Pius V ferstoar op 1 mei 1572. De ferskillende belangen fan 'e Liga-leden waarden no sichtber en de alliânsje begûn út inoar te fallen. Yn 1573 slagge de float fan 'e Hillige Liga der net mear yn om noch tegearre út te farren. Yn stee dêrfan foel Don Juan Tunis oan en naam de stêd yn, mar foar eefkes want yn 1574 feroveren de Ottomanen de stêd werom. Feneesje, benaud foar syn besit yn Dalmaasje en in mooglike ynvaazje fan Friuli, woe de finansjele tsjinfallers safolle mooglik beheine en dêrom de hannel mei de Ottomanen wer gau oppakke en sette iensidich útein mei ûnderhannelings mei de Porte. Mei it fredesferdrach fan 7 maart 1573 waard de Hillige Liga ûntbûn. Dêrmei kaam in ein oan de kriich om Syprus.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: