Sint-Joaristsjerke fan 'e Griken (Famagusta)

De Sint-Joaristsjerke fan 'e Griken is in ruïnetsjerke yn 'e súdwestlike hoeke fan 'e Syprioatyske stêd Famagusta. Famagusta hie eartiids twa Joaristsjerken, in otterdokse en in katolike. Dêrfandinne de tafoeging 'fan 'e Griken'; de katolike Joaristsjerke krige de tafoeging 'fan 'e Latinen'.

Sint-Joaristsjerke fan 'e Griken
Lokaasje
lân de jure Syprus
de fakto: Noard-Syprus
distrikt de jure: Famagusta
de facto Gazimağusa
plak Famagusta
adres İskender Paşa Sk.
koördinaten 35°7 N, 33°56 'E
Tsjerklike gegevens
patroanhillige Sint-Joaris
Arsjitektuer
boujier ± 1300
boustyl gotyk
Kaart
Sint-Joaristsjerke fan 'e Griken (Syprus)
Sint-Joaristsjerke fan 'e Griken

Mei't de katolike Lusignans yn 1191 it eilân oernamen wie Syprus noch hielendal otterdoks. De Lusignans redusearren de macht fan 'e Otterdokse Tsjerke op Syprus, brocht it tal biskoppen werom en makke de Otterdokse Tsjerke ûnderhearrich. De súdeastlike hoeke fan Famagusta waard de wyk, dêr't de Griken wennen en dêrfan tsjûgje noch ferskillende tsjerkegebouwen, dy't tichteby inoar steane.

 
Yn de tsjerke.

Om 1300 hinne waard noardwest oan in besteande katedraal in nije otterdokse katedraal boud, likernôch tagelyk mei de bou fan 'e katolike Sint-Nikolaaskatedraal, dy't nei de Ottomaanske oermastering yn in moskee feroare waard.

Der is wol ornearre dat de katedralen deselde boumasters hân ha. De Sint-Joaristsjerke is trijeskippich en hie swiere pylders om de ribferwulften fan it skip te dragen. Oan 'e súdeastlike kant fan 'e apsis binne noch goed de gatten te sjen, dy't by it Ottomaanske belis fan Famagusta ûnstiene troch it kanonnefjoer op 'e stêd. De tsjerke stiek boppe de muorren fan Famagusta út en foarme dêrom in doel foar de Ottomaanske bombardeminten. Yn guon gatten sitte de kûgels sels noch.

De Sint-Joaristsjerke wie ien fan 'e grutste tsjerken fan Famagusta en tsjinne yn 'e midsiuwen as katedraal foar de Gryksk-otterdokse mienskip. Njonken de Sint-Joaristsjerke stiet de folle âldere en lytsere Sint-Simeontsjerke, dy't foardat de Sint-Joaristsjerke boud waard as otterdokse katedraal tsjinne.

 
Fresko.

Fan 'e trije hege apsissen binne de goatyske ferwulften noch yntakt. Dêr binne ek noch resten fan fresko's te sjen. Tusken de apsisramen binne yn 'e tsjerke gatten te sjen, dy't der op wize dat de apsis fan 'e leechsteande tsjerke yn 'e Britske tiid ek as sjitgallerij tsjinne. Yn 'e 18e iuw skrasten seelju mei in knyft harren skippen yn it pleisterwurk fan 'e ferlitten tsjerke en guon dêrfan binne noch jimmeroan yn it westlik ein fan 'e tsjerke te sjen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: