Sint-Joaristsjerke fan 'e Latinen (Famagusta)

De Sint-Joaristsjerke fan 'e Latinen wie in roomske tsjerke yn 'e Syprioatyske stêd Famagusta. Om 't Famagusta twa tsjerken hie dy't oan Sint-Joaris wijd wiene, krige de tsjerke de tafoeging 'fan 'e Latinen' om de tsjerke fan 'e otterdokse Sint-Joaristsjerke te ûnderskieden.

Sint-Joaristsjerke fan 'e Latinen
Lokaasje
lân de jure Syprus
de fakto: Noard-Syprus
distrikt de jure: Famagusta
de facto Gazimağusa
plak Famagusta
adres Yeşil Deniz Cd
koördinaten 35°7 N, 33°56 'E
Tsjerklike gegevens
patroanhillige Sint-Joaris
status ruïne
Arsjitektuer
boujier ± 1275
boustyl gotyk
Kaart
Sint-Joaristsjerke fan 'e Latinen (Syprus)
Sint-Joaristsjerke fan 'e Latinen

Nei alle gedachten waard de Sint-Joaristsjerke yn it lêste fearn fan 'e 13e iuw noardlik fan 'e Sint-Nikolaaskatedraal troch Frankyske krúsfarders boud. Dêrby waard gebrûk makke fan boumateriaal fan 'e ruïnes fan Salamis.

It wie de earste katolike parochytsjerke fan Famagusta en stilistysk hat de katolike Joaristsjerke oerienkomsten mei de Nikolaaskatedraal.

By it Ottomaanske belis fan Famagusta yn 1571 waard de tsjerke swier skansearre en sawol de súdlike kant as de ferwulften gyngen doe ferlern. Fan it eardere byldhouwurk dat de tsjerke sierde is noch in wetterspijer yn 'e foarm fan mantsje dy't de hân foar de mûle slacht oer. Fierder is der noch byldhouwurk fan in liuw dy't in laam oanfalt en in man mei in burd by it noardlike portaal, dat it iennige portaal is dat relatyf goed bewarre bleau.

 
Wetterspijer.

De tsjerke waard as in ienskippige, heechgoatyske tsjerke fan fjouwer traveeën boud mei krúsribferwulften en in mearsidich koer.

De keunsthistoarikus Panagopoulos wiist ek op oerienkomsten mei de Sainte-Chapelle fan Parys en oare Noard-Frânske goatyske bouwurken út dy tiid, lykas de Sint-Urbanustsjerke fan Troyes.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: