Sint-Nikolaastsjerke (Famagusta)
De Sint-Nikolaastsjerke (Agios Nikolaos) is in Byzantynsk tsjerkegebou oan 'e Gündüz Tezel sokak yn 'e Syprioatyske stêd Famagusta. It is ien fan 'e trije bewarre Byzantynske tsjerken fan 'e stêd.
De tsjerke is in twaskippich tsjerkegebou, dat oarspronklik twa koepels hie. In grut part fan it gebou en it dak binne lykwols net mear oanwêzich.
Yn 'e pendintiven yn 'e tsjerke sitte trije smelle gatten. Dêrefter binne fan klaaipotten holle romtes makke, dy't ynboud binne. Se meitsje de belesting op 'e muorren lichter en it gebou better. Mar de belangrykste funksje fan 'e gatten wie dat se de akoestyk yn 'e tsjerke ferbetteren en it sjongen fan 'e preester himelsker klinke lieten.
Súdwest fan 'e Nikolaastsjerke stiet de Ayia Zoni-tsjerke of de Tsjerke fan 'e Hillige Gurdle.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|