Ayia Zoni-tsjerke (Famagusta)
De Ayia Zoni is in ienfâldich Byzantynsk tsjerkegebou oan 'e Mustafa Cemal sokak yn 'e súdeastliek hoeke fan Famagusta op it eilân Syprus. De tsjerke stiet tichteby de Sint-Nikolaastsjerke en is ien fan 'e trije Byzantynske tsjerken fan 'e stêd.
De tsjerke is in krúsfoarmich tsjerkje mei wat goatyske ynfloeden (lykas de tapassing fan spitsbôgen), dy't wijd waard oan 'e hillige gurdle fan Marije, dy't neffens de tradysje troch Marije sels makke is fan kamielehier. De tsjerke waard nei de Ottomaanske oermastering fan Famagusta nei alle gedachten ferlitten, om 't Griken dêr doe net komme mochten.
De tsjerke kin yn 'e regel net besocht wurde en wurdt ek net mear as tsjerke brûkt. Yn 'e tsjerke binne resten fan fresko's bewarre bleaun.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|