Nestoriaanske Tsjerke (Famagusta)
De Nestoriaanske Tsjerke is in tsjerkegebou yn 'e noardwestlike hoeke fan 'e histoaryske Syprioatyske stêd Famagusta yn it gebiet dêr't eartiids in soad kristenen út it Midden-Easten wennen, dy't nei Syprus flechten nei de fal fan Akko yn 1291.
Nestoriaanske Tsjerke | ||
Lokaasje | ||
lân | de jure Syprus de fakto: Noard-Syprus | |
distrikt | de jure: Famagusta de facto Gazimağusa | |
plak | Famagusta | |
adres | Necip Tözün Sk | |
koördinaten | 35° 07 N, 33° 56 'E | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 14e iuw | |
boustyl | gotyk | |
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe tsjerke waard yn 1359 yn opdracht fan de rike Fransiskus Lakhas boud. Nettsjinsteande syn rykdom liet er in ienfâldige tsjerke sette. Oarspronklik wie in in ienskippich bouwurk en letter waard de tsjerke mei sydskippen útwreide. It middenskip waarden mei twa spitsbôgen nei de sydskippen iepene. Oannommen wurdt dat de westlike toer wer letter is tafoege.
Fan binnen wie de tsjerke ea fersierd mei fresko's en teksten yn it Syrysk. Der binne in pear fresko's bewarre bleaun fan hilligen.
Nei de Ottomaanske oermastering fan it eilân waard de tsjerke as stâl foar kamielen brûkt en healwei de 19e iuw folge yn 'e Britske tiid in ferbouwing ta in Gryksk-otterdokse tsjerke, dy't de tsjerke oant 1963 brûkte. De Griken wijden de tsjerke oan Sint-Joaris de Ferballe. Neffens in leginde soe it lizzen fan wat stof út de tsjerke yn it hûs fan jins fijân ta syn dea of ferballing liede.
De tsjerke wurdt hjoed-de-dei as kultureel sintrum brûkt en sneins fiert de Anglikaanske mienskip dêr tsjerketsjinsten.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe tsjerke is in trijeskippich gebou fan twa traveeën. Elts skip einiget mei in eastlike apsis. Boppe de tagong is in roasfinster.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|