Epifanykleaster (Uglitsj)

(Trochferwiisd fan Epifanykatedraal (Oeglitsj))

It Epifanykleaster (Russysk: Богоявленский монастырь, Bogojavlevski monastir: ek: Kleaster fan de Iepenbiering fan de Hear) is in otterdoks nonnekleaster yn it sintrum fan 'e Russyske stêd Uglitsj (oblast Jaroslavl).

Epifanykleaster

Богоявленский монастырь

De restaurearre Epifanykatedraal.
De restaurearre Epifanykatedraal.
Lokaasje
lân Ruslân
oblast Jaroslavl
plak Uglitsj
koördinaten 57° 31' N 38° 19' E
Kleastergegevens
denominaasje Russysk-Otterdokse Tsjerke
oprjochting 14e iuw
oprjochter Eudoksia fan Sûzdal
Ynformaasje bou
boujier 17e en 19e iuw
monumintale status Federaal monumint
monumintnûmer 7610225000r
Webside
Side kleaster
Kaart
Epifanykleaster (Jeropeesk Ruslân)
Epifanykleaster
 
It Epifanykleaster foar 1917.

It kleaster waard tsjin 'e ein fan 'e 14e iuw yn opdracht fan prinsesse Eudoksia fan Sûzdal foar fammen boud. Hja wie de frou fan Dimitri IV fan Ruslân. Oarspronklik lei it kleaster yn 'e muorren fan it kremlyn fan Uglitsj. Yn 1609 waard it ferneatige troch Poalske ynfallers. Yn it ramt fan fersterkings oan it kremlyn waard it yn 1661 ferhûze nei de hjoeddeiske lokaasje oan 'e wei nei Rostov. De gebouwen wiene fan hout, mar tsjin 'e ein fan 'e 17e iuw resp. it begjin fan 'e 18e iuw waard de stiennen Tsjerke fan de ikoan fan de Mem-Gods-fan-Smolensk boud. Twa oare tsjerken waarden yn de 19e iuw tafoege: de Tsjerke fan de Feodorovskaja-ikoan-fan-de-Mem-Gods' yn it 1853 en de Epyfany- of Trijekeningskatedraal.

De tsjerken fan it kleaster

bewurkje seksje

Katedraal fan de Epifany

bewurkje seksje

De Epifanykatedraal is troch de ferneamde arsjitekt Konstantin Thon boud. De tsjerke waard tusken 1843 en 1853 yn Russysk-byzantynske styl oplutsen, in styl dy't yn dy tiid yn 'e otterdokse wrâld tige populêr wie. Nei sluting yn 'e Sovjet-tiid waard it ynterieur fan 'e tsjerke foar in grut part fernield. Fan 1980 oant 2007 waarden de gevels fan de tsjerke renovearre. Yn 2009 waard de foltôge katedraal wer op 'e nij ynwijd.

De Tsjerke fan Us Leaffrou fan Smolensk

bewurkje seksje
 
Smolensk-tsjerke.

De oarspronklik oan it feest fan 'e epifany wijde Smolensktsjerke waard yn 1700 foltôge. It is net in grutte tsjerke en oan 'e noardlike en westlike kant binne in kapel, in refektoarium en in galerij tafoege. De tsjerke wurdt bekroand mei fiif sipels en is oan 'e eastlike kant ôfsluten troch in apsis. De klokketoer is yn 'e 19e iuw ferfongen troch in nij portaal yn klassisistyske styl.

De tsjerke waard tusken 1972 en 1975 restaurearre. Dielen dy't letter oan 'e súdeastlike kant fan 'e tsjerke tafoege wiene, waarden by dizze restauraasje wer ferwidere. De dekoraasjes oan 'e tsjerke binne renovearre, it dak krige in griene ferflaach en de sipels grien-glazuere tegels.

Yn 1925 lieten de bolsjewiken de tsjerke slute. It gebou is yn 2003 oan de Russyske-Otterdokske Tsjerke werom jûn.

Tsjerke fan de Feodorovskaja-ikoan fan de Mem Gods

bewurkje seksje
 
Restaurearre Feodorovskaja-tsjerke mei de weropboude klokketoer (2020).

De Feodorovskaja-tsjerke waard oan 'e ikoan wijd dat Ksenija Sjestova, de grutnon Marta en de mem fan tsaar Michael I, oan it kleaster joech. Mei de bou fan 'e tsjerke waard op 21 maaie 1805 útein set en de bou kaam yn 1818 ree. Tusken 1822 en 1824 waard it ynterieur fan 'e tsjerke beskildere troch Epifanom Medvedev. Nije fresko's, dy't de tiid oerlibbe ha, waarden yn 1862 troch Egor Diakonov oanbrocht.

De klokketoer mei trije ferdjippings, dy't yn 'e jierren 1836-1839 oan 'e westlike kant fan 'e tsjerke oanboud waard, is nei it sluten fan 'e tsjerke yn 1930 ôfbrutsen. Yn 'e jierren 1980 en 2010 fûnen der restauraasjes plak, de toer is sûnt 2016 werboud. De tsjerke is yn 2003 werom jûn oan 'e otterdokse mienskip.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Богоявленский монастырь (Углич)