Epifanytsjerke (Tobolsk)
De Epifanytsjerke of Trije Keningentsjerke (Russysk: Богоявленский храм; Vogojavlenski chram) wie in otterdokse tsjerke yn de Russyske stêd Tobolsk, dy't nei de Twadde Wrâldkriich ferneatige waard.
Epifanytsjerke
Крещенская церковь | ||
bouwurk | ||
![]() | ||
De tsjerke yn 1912 | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
oblast | ![]() | |
plak | ![]() | |
koördinaten | 68° 14' N 68° 14' E | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1691 | |
sloopjier | 1949 |
SkiednisBewurkje
Oannommen wurdt dat de Epifanytsjerke de earste tsjerke wie bûten it kremlyn fan Tobolsk. De bou fan de earste houten Epifanytsjerke yn Tobolsk is net bekend, mar yn 1624 wie der al in oan de Epifany wijde tsjerke. By de brân yn de benedenstêd fan Tobolsk yn 1662 baarnde dizze houten Epifanytsjerke ôf. Ek de houten opfolgers fan dizze Epifanytsjerke út 1680 en 1686 waarden in proai fan it fjoer.
Al yn 1685 foel it beslút in stiennen tsjerke te bouwen, wêrmei't yn 1691 mei útein set waard. De brân fan 1701 ferwoastge it ynterieur fan de tsjerke, mar de bûtenmuorren bleaune stean. Tusken 1738 en 1744 waarden de tsjerke op 'e nij boud en in nije klokketoer tafoege. Ek waard der om de tsjerke in bysûnder moaie barokke stiennen muorre oanlein. De grutte stedsbrân fan 1788 brocht wat skea oan de tsjerke, mar yn itselde jier waarden de alters al wer op 'e nij konsekrearre.
De Epifanytsjerke waard yn 1930 troch de bolsjewiken sletten en ûntwijd. Yn 1949 waard de tsjerke opblaasd en mei de grûn lyk makke.
BysûnderhedenBewurkje
- De klokken fan de tsjerke wiene yn 1719 yn Amsterdam getten.
- Yn 1834 waard yn de Epifanytsjerke Dmitri Mendelejev, de grûnlizzer fan it periodyk systeem, doopt.[1]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [:ru:Богоявленская церковь (Тобольск)] |