Sibearyske barok
De Sibearyske barok is in fariant yn 'e Russyske barokke boustyl en waard by de bou fan 18e-iuwske religieuze gebouwen yn Sibearje tapast. De Sibearyske barok hat eleminten út de Oekraynske barok en yn guon gefallen ek út it Tibetaanske boeddhisme.
Beskriuwing
bewurkje seksjeYn 'e 17e iuw wiene der noch gjin stiennen gebouwen yn Sibearje. Allinne it kremlyn fan Tobolsk en it Kleaster fan de Mem Gods fan it Teken yn Abalak hiene stiennen gebouwen. Dat wiene gebouwen yn in styl dy't yn dy tiid dominant wie yn 'e Russyske arsjitektuer. It ierste stiennen gebou yn Tjûmen wie de yn de Sovjet-tiid ferneatige Ferkundigingstsjerke (1700-1704), dy't yn 'e styl fan de Narysjkin-barok boud waard. Fuort dêrnei waard yn Tjûmen it Trijeienheidskleaster boud, dat dúdlike ynfloeden fan 'e Oekraynske barok hat. De ferklearring dêrfoar is dat in soad Sibearyske tsjerkelieders út dy tiid fan Oekraynske oarsprong wiene.
Mei't der mear stiennen tsjerken yn Sibearje boud waarden, ûntstie út de besteande Russysk-barokke boustilen (lykas de Narysjkin-barok en de Oekraynske barok) in typysk Sibearyske fariant troch tafoeging fan oare eleminten. De 18e-iuwske Sibearyske barokke tsjerken binne boud sûnder pylders of pilasters. Karakteristyk foar de Sibearyske barok binne de opinoar stapele folumes lykas dy ek by stoepa's oantroffen wurde. De gebouwen binne fersierd mei dekoraasjes fan Easterske oarsprong, lykas de lansetfoarmige listen, mar ek boeddistyske motiven as it tsjel fan Dharma (Dharmachakra) binne oanwêzich. De refter en de klokketoer steane oan 'e westlike kant.
Yn 1803 wiene der yn Sibearje 115 stiennen tsjerken, wêrfan't it grutste diel de Sybearyske barok fertsjintwurdige. Dy gebouwen wiene fral yn 'e stêden Irkûtsk, Tobolsk, Tomsk en Tjûmen te finen. De oarspronklike ynterieurs binne hast oeral yn 'e Sovjet-tiid ferneatige en allinne yn Irkûtsk is yn 'e Krúsferheffingstsjerke noch in foarbyld fan in folslein orizjineel ynterieur bewarre bleaun.
Ofbylden tsjerken yn 'e Sibearyske barok
bewurkje seksje-
Presintaasjekatedraal, Karpinsk
-
Ferlossertsjerke, Tjûmen
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Tsjerken yn 'e Sibearyske barok fan Wikimedia Commons. |