De Oekraynske barok of Kozakkebarok is in typyske foarm fan 'e barok dy't yn 'e Oekraïne ûnstie en him letter ek fersprate nei oare dielen fan it Russyske Keizerryk. De styl waard meast yn 'e 17e- en 18e-iuwske yn 'e tsjerklike arsjitektuer, skilderkeunst, muzyk en literatuer tapast.

It Michaelkleaster yn Kiëv mei syn gouden koepels waard yn 1113 stifte en yn 'e jierren 1930 folslein ferneatige. Healwei de jierren 1990 waard it kleaster rekonstruearre. Yn syn hjoeddeiske foarm is it kleaster ien fan 'e meast opfallende foarbylden fan 'e Oekraynske barok.

De oergong fan 'e renêssânse nei de barok hie ynearsten arsjitektoanyske mingfoarmen. Foarbylden dêrfan binne de Michaelkatedraal fan Perejaslav en de Elíatsjerke fan Sûbotiv.

Poartetsjerke fan it hoalekleaster yn Kiëv

De Oekraynske barok ûnderskiedt him fan 'e West-Jeropeeske barok troch ienfâldiger foarmen en beskieden fersierings. Foarbylden fan gebouwen yn 'e Oekraynske barok binne it hoalekleaster fan Kiëv, de Sofiakatedraal fan Kiëv en it Vidûbitsjki kleaster. Kenmerken foar de Oekraynske barok binne de knop- of parfoarmige koepels, dy't ek de oan 'e styl besibbe Russyske Narysjkin- of Moskouse barok beynfloede.

De bêste foarbylden fan 'e Oekraynske barokke skilderkeunst binne de fresko's yn 'e Trije-ienheidstsjerke fan it Kiëvske hoalekleaster. Yn 'e tiid fan 'e Oekraynske barok kaam ek de gravuere-technyk ta ûntwikkeling, in kompleks systeem oan symboalen, allegoriën, heraldyske tekens en ornaminten ûnstie.

Sûnt de 17e iuw wie der ek in bloeiende barokke literatuer yn 'e Oekraïne, dy't bydroech oan it lizzen fan it fûnemint fan 'e Russyske sekuliere literatuer.

Nei de barok yn 'e Oekraïne folge oan it ein fan 'e 18e iuw nei ympulsen fan 'e ferljochting it klassisisme. In feroardening fan 'e oerheid fan it Russyske Keizerryk ûnder de titel "Oer de oanbesteging fan plannen foar bouwurken en wegen yn alle stêden, foar elts gûvernemint ôfsûnderlik" befoardere dy ûntwikkeling yn 'e arsjitektuer.

Foarbylden fan 'e Oekraynske barok

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Ukrainischer Barock