Sint-Sofiakatedraal (Kiëv)

De Sint-Sofiakatedraal oan it plein mei deselde namme yn 'e Oekraynske haadstêd Kiëv waard sûnt 1037 boud yn opdracht fan prins Jaroslav fan Kiëv. De tsjerke wie oant de 13e iuw de wichtichste tsjerke fan Ruslân en in soad foarsten waarden yn 'e tsjerke begroeven. It bouwurk kombinearret byzantynske boufoarmen mei barokke en is sûnt 1990 ynskreaun yn 'e wrâlderfgoed-list fan UNESCO.

Sint-Sofiakatedraal

Софійський собор

Lokaasje
lân Oekraïne
oblast Kiëv
plak Kiëv
adres Sofiaplein
koördinaten 50° 27' N 30° 30' E
Arsjitektuer
boujier 11e iuw
boustyl Byzantynske arsjitektuer en oekraynske barok
Webside
Side fan de katedraal
Kaart
Sint-Sofiakatedraal (Kiëv)
Sint-Sofiakatedraal

De katedraal krige de namme fan 'e 6e-iuwske Hagia Sofia yn Konstantinopel en ferwiist net nei in spesifike hillige, mar nei de Hillige Wiisheid fan God. Neffens kroniken fûn de stifting fan 'e katedraaltusken 1017 en 1037 plak, nei't Russyske troepen in jier earder de Turkske Petsjenegen fersloegen. Alhoewol't de kroniken fan 'e katedraal de stifting fan 'e katedraal tawize oan prins Jaroslav, binne der ek boarnen dy't de stifting taskriuwe oan Vladimir de Grutte. It is in bouwurk mei fiif skippen, fiif apsissen en trettjin koepels. Fan trije kanten wurdt de katedraal omklamme fan galerijen mei twa ferdjippings. De katedraal wie it sintrum fan it kulturele en politike libben fan it âldrussyske folk, dêr't de foarsten fan Kiëv kroand waarden, dêr't de ôffurdigen fan it folk ("Vetsje") by inoar kamen en wichtige steatssaken plakfûnen en foarsten begroeven waarden.

 
Model fan 'e 11e-iuwske katedraal.
 
Grûnplan fan 'e katedraal.

De katedraal rekke krekt lykas de stêd yn 1169 nei it plonderjen troch de troepen fan Andreji Bogoljûbski fan it foarstendom Vladimir-Sûzdal en letter yn 1240 troch de Tataarske ynfallen slim yn it neigean. Nei reparaasjes fan 'e katedraal ûnder metropolyt Syprianus (1330-1406) stieken de Krimtataren yn 1416 en 1482 de stêd yn 'e brân en bleau de Sofiakatedraal fan 1497 oant 1577 leech stean. Ek hie de katedraal bot te lijen yn 'e 16e iuw, doe't Poalen en Oekraïne de katolike en otterdokse tsjerken besochten te ferienigjen. Fan it bouwurk bleau lang om let net in soad mear oer as in ruïne; it wiisde mâl mei it dak en in soad muorrefresko's wiene al ferdwûn.

Yn it ramt fan 'e Uny fan Brest waard de katedraal yn 1596 tawiisd oan 'e Oekraynske Gryksk-Katolike Tsjerke, oant it gebou yn 1633 troch de Moldavyske otterdokske metropolyt Petro Mohyla opeaske waard. Mohyla joech opdracht om reparaasjes út te fieren en it boppediel fan it gebou waard neffens barokke plannen fan 'e Italjaanske arsjitekt Octaviano Mancini op 'e nij boud. It wurk gyng troch ûnder hetman Ivan Mazepa oant 1767. De houten gebouwen fan it kleaster gyngen by in brân yn 1697 ferlern. Sûnt 1699 waard it hiele kompleks omfieme mei in hege houten wâl en tagelyk waarden in klokketoer, in herberch, poarten en ferskate kleastergebouwen tafoege, allegear yn de karakteristike styl fan 'e Oekraynske barok.

 
Absismozaïek Mem Gods.

Nei de Russyske Revolúsje fan 1917 en yn de anti-kristlike kampanje dy't yn 'e jierren 1920 dêr op folge wie de bolsjewistyske oerheid fan doel om de katedraal te ferneatigjen. Op it terrein fan 'e katedraal moast in park komme, dat ferneamd wurde soe nei de helden fan Perekop, dêr't de bolsjewiken it Wite Leger fan 'e Krim ferdreaune. Ynspannings fan skiedkundigen en wittenskippers wisten de ôfbraak fan 'e katedraal lykwols tefoarren te kommen, mar it foar de katedraal oer lizzende Michaelkleaster waard yn 1935 wol ferneatige. De Sofiakatedraal waard sletten foar de earetsjinst en it hiele 17e- en 18e-iuwske kompleks om de katedraal hinne krige tenei de funksje fan museum.

De weardefolle materialen lykas it goud en sulver fan 'e keninklike doarren fan 'e ikonostaze, sulveren ikoanen en kandlers waarden stript en wat der fan oerbleau ferbaarnd. Neffens de behearder fan it museum, Aleksej Povstenko, besochten de kommunisten yn septimber 1941 dochs noch in begjin te meitsjen oan it slopen fan 'e katedraal, mar troch de ynfal fan de Nazy's koene dy plannen net útfierd wurde.

 
Tombe Jaroslav de Wize.

Yn 'e jierren 1950 krige de oerheid mear each foar it kultuer-histoaryske belang fan 'e katedraal en fûn der in renovaasje plak. By de renovaasjes waarden fragminten fan 11e-iuwske fresko's ûntdutsen; de 18e-iuwske fresko's waarden restaurearre.

Yn it lêst fan 'e Sovjet-Uny klonken der foar it earst wer lûden om it gebou oan de Otterdokske Tsjerke werom te jaan. De weromjefte waard lykwols dreech makke troch de ferskate skuorrings yn 'e otterdoksy. Om't alle otterdokse rjochtings en de Gryksk-Katolike Tsjerke de katedraal opeasken kaam der fan weromjefte neat telâne. Alhoewol't alle otterdokske rjochtings de katedraal op ferskate tiden brûke meie, bliuwt it gebou dêrom bûten dy tiden om sletten foar religieuze fierings.

Yn 2006 liezen fertsjintwurdigers fan fiif otterdokse tsjerken foar it earst in mienskiplik gebed foar yn 'e Sofiakatedraal. It ynternet-publyk keas op 21 augustus 2007 de katedraal út as ien fan 'e sân wûnders fan Oekraïne. It kompleks bliuwt in sekulier museum fan it kristendom yn Oekraïne en lûkt fan alle musea yn it lân de measte toeristen.

De katedraal besit sa'n 3000 m² oan fresko's en dêrnjonken nochris 260 m² oan mozaïken. It neamen wurdich is benammen it grutte mozayk yn 'e apsis fan 'e biddende Mem Gods en Kristus Pantokrator yn 'e sintrale koepel. Op de twadde ferdjipping is in útstalling fan 12e-iuwske mozaïken en fresko's te sjen fan 'e yn de jierren 1930 ôfbrutsen Michaelkatedraal.

Fan 'e ikoanen binne noch mar in pear orizjineel; de measte ikoanen binne yn 'e jierren 1930 ferneatige.

Yn ien fan 'e romten njonken de katedraal stiet de 8e-iuwske sarkofaach fan Jaroslav de Wize en syn frou Irina.

Eartiids wie de flier fan 'e katedraal yn bûnte kleuren fersierd, dêr't in pear fragminten fan bleatlein binne. In Russyske ûndernimmer liet de flier yn 'e 19e iuw mei smei-izeren tegels mei byzantynske motiven belizze.

Under de katedraal soene grotten wêze mei mooglik de noch net wer ûntdutsen bibleteek fan Jaroslav de Wize. Yn 1916 waarden opgravings útfierd, mar troch de politike ûntwikkelings doe waard dat ûndersyk nea ôfmakke.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Saint Sophia's Cathedral, Kiev