Kiëvske Petsjersk-lavra
It Kiëvske Petsjersk-lavra (Oekraynsk: Києво-Печерська лавра, Russysk: Киeво-Печерская лавра), ek bekend ûnder de namme Hoalekleaster fan Kiëv, is in histoarysk eastersk-otterdoksk kleaster yn Kiëv. Sûnt de stifting as in grottenkleaster yn 1051 is it in wichtich religieus sintrum yn East-Europa.
Kiëvske Petsjersk-lavra
Києво-Печерська лавра | ||
bouwurk | ||
![]() | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
lânsdiel | ![]() | |
plak | ![]() | |
adres | Lavrska Str | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Kleaster | |
boujier | Fanôf de 11e iuw | |
offisjele webside | ||
Side fan it kleaster |
It kleasterkompleks waard tegearre mei de tegearre mei de Sofiakatedraal ynskreaun yn de list fan it wrâlderfgoed fan UNESCO.
Tal fan toeristen bringe in besite oan it kleaster, dat mei mear as 100 muontsen in aktyf kleaster is. Yn augustus 2007 waard it lavra troch saakkundigen en de ynternetmienskip keazen as ien fan de sân wûnders fan de Oekraïne.[1]

Namme bewurkje seksje
It wurd petsjery betsjut grot. It wurd lavra wurdt brûkt om de hege status fan it muontsenkleaster fan de Eastersk-Otterdokske Tsjerke oan te tsjutten. Sadwaande wurdt de namme fan it kleaster ek wol oerset as it Kiëvske Grotten- of Hoalekleaster.
Stifting bewurkje seksje
Neffens de Nestorkronyk kaam yn de 11e iuw de muonts Anontius fan it Esfigmenou-kleaster op Atos werom nei syn bertegrûn en sette him nei wenjen yn Kiëv. Hy socht in grot út op de Berestov-berch, dat útsjoch bea oer de Dnjepr. Al gau dêrnei woeks om Antonius in mienskip fan muontsen. Prins Izjaslav I fan Kiëv droech de hiele berch oer oan de muontsen, dy't dêr in kleaster bouwe lieten troch arsjitekten út Konstantinopel en dat it sintrum waard foar it kristenjen fan de Oekraïne en in grutte rol spile by de kulturele ûntwikkeling fan it âlde Ruslân.
Gebouwen bewurkje seksje
It lavra bestiet út in grut tal gebouwen fan klokketuorren oant katedralen, poarten, grotkompleksen en stiennen fortifikaasjes. De wichtichste dêrûnder binne de Grutte Lavra Klokketoer en de rekonstruearre Untsliepeniskatedraal, dy't yn de Twadde Wrâldkriich ferneatige waard. Oare tsjerken binne de Refektoariumtsjerke, de Alderheljentsjerke, de Ferlossertsjerke, de Krúsferheffingstsjerke, de Trije-ienheidstsjerke, de Tsjerke fan de Berte fan de Jongfaam, de Tsjerke fan de Untfinzenis fan de hillige Anne en de Tsjerke fan de Boarne dy't Libben jout. Dêrnjonken telt it lavra noch tal fan oare gebouwen lykas it Nikolaaskleaster, de Teologyske Akadeemje en Seminaarje fan Kiëv en de stiennen fortifikaasjes.
Tsjerken bewurkje seksje
Grutte klokketoer bewurkje seksje
De Grutte Lavra Klokketoer foarmet ien fan de meast opfallende gebouwen fan it kleaster en heart ta de wichtichste attraksjes fan it lavra. De toer is 96.5 meter heech en wie de heechste frijsteande klokketoer doe't er yn 1731-1745 boud waard. It ûnwerp is ôfkomstich fan de arsjitekt Johann Gottfried Schädel. De fjouwer ferdjippings tellende toer wurdt ôfsletten fan in gouden koepel.
Untsliepeniskatedraal bewurkje seksje
De haadtsjerke fan it kleaster waard yn de 11e iuw boud en yn de Twadde Wrâldkriich ferneatige. Dat barde nei't de nazy's de stêd besetten. Neffens de Sovjet-autoriteiten waard de tsjerke ferneatige doe't Dútske troepen oploeken, mar neffens de Dútsers wiene it de Sovjettroepen dy't de taktyk fan de ferskroeide ierde tapasten. Dy taktyk soe laat ha ta de ferneatiging fan de katedraal en ek de brêgen oer de Dnjepr. Ek de konstroversjele eksploazjes yn it sintrum fan de stêd soene troch de Sovjets mei sin feroarsake wêze.
Sûnt 1928 wie it kleaster troch de bolsjewiken yn in museum feroare en nei't it kompleks werom jûn waard duorre it noch oant 1995 doe't de katedraal yn twa jier tiid wer opboud waard. De nije Untsliepeniskatedraal waard yn 2000 ynwijd.
Poartetsjerke fan de Trije-ienheid bewurkje seksje
De Trije-ienheidtsjerke stiet boppe de poarte, dy't de tagong ta it kleaster foarmet. Neffens in leginde waard de tsjerke stifte troch de foarst fan Tsjernihiv, Svjatoslav II. Nei in brân yn 1718 waard de tsjerke wer opboud en de gevel en de bûtenmuorren waarden fersierd mei stúkwurk. Oan it begjin fan de 20 iuw waarden dielen fan de muorren beskildere troch ikoanenskilders. It ynterieur is fersierd mei 18e iuwske fresko's fan Alimpy Galik.
Refektoariumtsjerke bewurkje seksje
Oan de refter slút de Antonius en Teodosiustsjerke oan. Yn de refter krigen de muontsen te iten. It gebou datearret fan 1893-1895 yn in tiid dat der noch mear as 1000 muontsen yn it kleaster wennen.
Yn de foarse koepel fan de tsjerke binne eleminten fan it âlde Byzantium ferwurke. De oanklaaiing fan it ynterieur is in ûntwerp fan Aleksej Sjtsjûsev; de moarmeren ikoanen binne yn neo-russyske styl. De skilderijen yn de refter en de tsjerke fan û.o. Ivan Jizjakevytsj datearje út de 20e iuw en hawwe moderne ynfloeden.
Nei't de steatsman Pjotr Stolypin yn 1911 fermoarde wie, waard de routsjinst foar him yn de refektoariumtsjerke holden. Syn grêf leit fuort njonken de tsjerke.
Alderheljentsjerke bewurkje seksje
De Alderheljentsjerke waard tusken 1696 en 1698 boud en is in moai foarbyld fan de Oekraynske barok. Karakteristyk foar de gevel fan de tsjerke binne de rike arsjitekturale fersierings. Yn 1905 beskilderen studinten fan de keunstskoalle fan it lavra de muorren yn de tsjerke. De houten ikonostaze bestiet út meardere ferdjippings en is yn it begjin fan de 18e iuw foar de tsjerke makke.
Ferlossertsjerke bewurkje seksje
De Ferlossertsjerke stiet noardlik bûten de fortifikaasjes fan it lavra, mar heart wol by it lavra-kompleks en it UNESCO-erfgoed. De tsjerke waard boud foar it doarp Berestove om it begjin fan de 11e iuw hinne yn de tiid fan it regear fan foarst Volodymyr Monomach. Letter tsjinne de tsjerke as it mausoleum fan de Monomach-dynasty. Ek Jûri Dolgorûki, de stifter fan Moskou, waard yn de tsjerke byset.
Grotten bewurkje seksje
De grotten fan it lavra foarmje in systeem fan smelle gongen fan likernôch 1-1,5 meter breed en 2-2,5 meter heech, dy't ferskate sellen en ûndergrûnske kapellen mei inoar ferbine.
Yn 1051 sette de muonts Antonius him nei wenjen yn in âlde grot yn in heuvel by it lavra. De grot waard yn de rin fan de tiid útwreide mei gongen en trije tsjerken, dy't letter as de "fiere grotten" waarden oantsjut. De âldste grottsjerke is de Tsjerke fan de Ferkundiging fan de Hillige Teotokos. Yn de grotten wurde de reliken fan 49 hilligen yn skrinen bewarre. De hilligen wurde mei doeken ôfdutsen. Fan guon hilligen binne de hannen of earms te sjen as bewiis dat se net fergien binne, as wiene se juster noch ferstoarn.[2]
De oare grotten binne in netwurk fan tunnels fan it midsiuwske grottenkleaster. Se waarden fanôf 1057 úthoud doe't Sint-Varlaam troch Sint-Antonius as earste abt fan it lavra beneamd waard. Antonius loek him werom fan de mienskip en groef op in oar plak in nije ûndergrûnske sel út, it begjin fan in nij grottenstelsel dy't ta ûnderskieding fan de fiere grotten de "tichteby lizzende grotten" neamd wurde. De grotten binne 5 oant 20 meter djip en hawwe in totale lingte fan 383 meter. Ek dat grottenstelsel telt trije tsjerken en dêrnjonken nochris 79 grêven.[3]
Yn de Sovjet-tiid waard út minachting foar reliken de doeken ferwidere, mar nei de fal fan de Sovjet-Uny wurde se wer mei kleden oerdutsen.
Bysettings bewurkje seksje
Under it grutte tal grêven yn it lavra binne benammen de folgjende it neamen wurdich:
- Ilja Moeromets - yn de grotten (11e oant 12e iuw)
- Nestor de Kronykskriuwer - yn de Tichteby lizzende Grotten (1114)
- Sint-Kûksja - yn de tichteby lizzende grotten (1114)
- Sint-Alypius - yn de tichteby lizzende grotten (1114)
- Agapetus fan Petsjersk - yn de tichteby lizzende grotten (11e iuw)
- Oleg, soan fan Volodymyr II Monomach – yn de Ferlossertsjerke fan Berestove (12e iuw)
- Eufemia fan Kiëv, dochter fan Volodymyr II Monomach – yn de Ferlossertsjerke fan Berestove (1139)
- Jûri Dolgorûki – yn de Ferlossertsjerke fan Berestove (1157)
- Skirgaila, regint fan Litouwen; grutfoarst fan Kiëv) (1397)
- Konstantyn Ivanowitsj Ostrozjski - by de Untsliepeniskatedraal (1530)
- Vasyl Kotsjûbej - by de refektoariumtsjerke (1708)
- Ivan Iskra – by de refektoariumtsjerke (1708)
- Pjotr Stolypin – by de refektoariumtsjerke (1911)
- Sint-Spiridon - yn de grotten (19e iuw)
- Paus Klemens I (holle) – yn de fiere grotten
- Ofbylden
-
Ynterieur katedraal
-
Tsjerke fan Teodosius fan de Grotten
-
Tsjerke fan de Boarne dy't Libben jout
-
Krúsferheffingstsjerke
-
Untfinzenis fan Sint-Annatsjerke
-
Ferkundigingstsjerke
-
Sint-Nikolaastsjerke
-
Opstanningstsjerke
-
Ikonostaze katedraal
-
Muorren
Keppeling om utens bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Kiev Pechersk Lavra
|