Otterdokse Tsjerke fan de Oekraïne

De Otterdokse Tsjerke fan de Oekraïne (Oekraynsk: Православна церква України, Pravoslavna tserkva Ukrajiny), ek wol de Oekraynsk-Otterdokse Tsjerke neamd, is in autosefale Eastersk-otterdokse tsjerke. De tsjerke is mei de fúzje fan de Oekraynsk-Otterdokse Tsjerke (patriargaat Kiëv) (1990-2018) en de Oekraynske autosefale Otterdokse Tsjerke (1920-2018) ûntstien op oantrunen fan de Oekraynske presidint Petro Porosjenko en op fersyk fan it Oekraynske parlemint.

Logo fan de Otterdokse Tsjerke fan de Oekraïne

Op 15 desimber 2018 waard op in spesjale synoade yn de Sofiakatedraal fan Kiëv de Tsjerke offisjeel stifte. De mearderheid fan de synoade wiisde de noch jonge Epifanij (wrâldske namme Сергій Петрович Думенко; Serhij Petrovisj Dûmenko) oan as "de metropolyt fan Kiëv en hiel Oekraïne".[1]

Patriarch Bartoloméus, de primaat fan de Otterdokse Tsjerke, ûndertekene op 5 jannewaris 2019 yn de Sint-Joariskatedraal yn Istanbûl it dekreet wêrmei't de autoséfaly fan de Otterdokse Tsjerke fan de Oekraïne offisjeel erkend wurdt. De ûndertekening fûn plak yn oanwêzigens fan de presidint fan de Oekraïne en Epifanij I fan Kiëv.

Mei de stifting fan in autosefale Otterdokse Tsjerke yn de Oekraïne kaam in ein oan de iuwenâlde bân mei de Russysk-Otterdokse Tsjerke[2] In pear dagen letter sei grutaartsbiskop Svjatoslav Sjevtsjûk fan de Oekraynsk Gryksk-katolike Tsjerke dat er ek iepen stie foar in fúzje mei de Otterdokse Tsjerke fan de Oekraïne.[3]

De ûntwikkelings lieden ta in skisma en ferdieldheid yn de otterdokse mienskip. Fanwegen de ûndertekening fan it dekreet briek Moskou mei it patriargaat fan Konstantinopel. Letter folge ek in brek mei it patriargaat fan Aleksandrje, dy't him oansleat by de erkenning fan de Otterdokse Tsjerke fan de Oekraïne.[4]

Healwei 2019 wiene noch mar 500 fan de ± 12.000 parochy's oergien nei de nije Otterdokse Tsjerke fan de Oekraïne. Fan alle parochy's dy't Oekraynsk-otterdoks woarn binne, sitte de measten yn it westen fan it lân, mar ek dêr is it in minderheid fan it totaal.[5][6]

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: