Sint-Katarinatsjerke (Tsjernihiv)

De Sint-Katarinatsjerke (Oekraynsk: Катерининська церква; Russysk: Екатерининская церковь) is in otterdokse tsjerke yn Tsjernihiv yn 'e Oekraïne. It monumintale gebou waard tsjin 'e ein fan 'e 17e en it begjin fan 'e 18e iuw boud en foarmet in opfallend foarbyld fan 'e Oekraynske barok.

Sint-Katarinatsjerke
Lokaasje
lân Oekraïne
oblast Tsjernihiv
plak Tsjernihiv
koördinaten 51° 29' N 31° 18' E
Tsjerklike gegevens
patriarchaat Kiëv
Arsjitektuer
boujier 1715 (foltôge)
boustyl Oekraynske barok
Kaart
Sint-Katarinatsjerke (Oekraïne)
Sint-Katarinatsjerke

De fan wite stiennen boude tsjerke stiet yn it histoaryske sintrum fan 'e stêd en waard yn opdracht fan 'e bruorren Semjon en Jakov Lizogûb boud ta neitins fan harren heit Efim Lizogûb, dy't yn 1696 oan it haad fan 'e Kozakkentroepen it fort fan Azov op de Turken oermastere. De tsjerke waard yn it doetiidske fort boud op it plak fan in âldere tsjerke út de tiid fan it Kiëvske Ryk en yn 1715 oan Katarina fan Aleksandrje wijd. Troch de brân fan 1837 moast de tsjerke restaurearre wurde, tagelyk krige de tsjerke doe in nije, tsjintwurdich net mear besteande, ikonostaze yn eklektyske styl.

De tsjerke waard yn 1933 op lêst fan de lokale autoriteiten sletten en hie te lijen fan 'e Dútske besetting dy't dêrnei folge. In restauraasje waard útfierd tusken 1947 en 1955 en yn 1962 waard it gebou erkend as histoarysk erfgoed. By dy restauraasje waard de earder boude klokketoer mei narteks ôfbrutsen.

In nije restauraasje fan benammen it ynterieur folge tusken 1975 en 1980 en doe waarden ek de koepels op 'e nij fergulde. Oant 2006 hie de tsjerke in museale funksje.

De tsjerke waard yn maaie 2008 oerdroegen oan de Oekraynsk-Otterdokse Tsjerke (patriarchaat fan Kiëv) en op 1 augustus 2008 fûn der foar it earst wer in tsjinst plak. De oerdracht fan 'e tsjerke waard oanfochten troch de oanhingers fan de Oekraynsk-Otterdokse Tsjerke (patriarchaat fan Moskou) en om harren easken krêft by te setten lieten hja in tinte foar it gebou sette, dêr't hja harren tsjinsten fierden. Yn 'e nacht fan 1 april op 2 april 2008 waard dy tinte troch ûnbekenden yn brân stutsen. Yn 'e âldjiersnacht fan 2010 waard de 'mobile tsjerke' oergetten mei benzine en op 'e nij yn 'e brân stutsen, dy't doe hielendal ôfbaarnde. In ferfangende tinte waard op 21 febrewaris 2014 ferwidere ûnder druk fan 'e ynwenners fan Tsjernihiv.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Екатерининская церковь (Чернигов)