Erik Seerden
Erik Seerden (Frjentsjer, 24 desimber 1971) is in keatser fan Frjentsjer, in telch út it geslacht Seerden, dy't winner is fan 'e PC en yn it besit is fan it Klaverke Fjouwer. Hy keatste fan 1990 oant 2017.
Erik Seerden | ||
keatser | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Erik Seerden | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 24 desimber 1971 | |
berteplak | Frjentsjer | |
sportive ynfo | ||
sport | Keatsen | |
PC | 1991 1992 1993 | |
debút | 1990 | |
karriêre-ein | 2016 | |
ekstra | Klaverke Fjouwer Freule 1987 Bûnspartij 1991 Jong Nederlân 1991 PC 1991 |
Oansprekkende resultaten
bewurkje seksjeSeerdens meast oansprekkende resultaten yn it keatsen binne de folgjende:[1]:
- 1987 Freulepartij
- 1991 Bûnspartij foar Senioaren
- 1991 Jong Nederlânpartij
- 1991 PC (kening)
- 1991 Klaverke Fjouwer
- 1992 PC
- 1993 Bûnspartij foar Senioaren
- 1993 PC
Seerden hat 295 punten yn it Ivich Keatsklassemint en hat yn syn keatskarrière 18 keningskippen behelle. Hy is mei syn maten Rinse Bleeker en Thomas van der Meer it iennichste partoer wêrfan't de leden trije kear op rige de PC wûnen en dêrby elts ien kear kening wiene.[2]
Wenplakken
bewurkje seksjeSeerden wenne yn Frjentsjer, Huzum en Ljouwert en kaam op de Bûnspartij foar Senioren út foar alle trije[1].
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|