Jong Nederlânpartij

De Jong Nederlânpartij, tsjintwurdich offisjeel it Nederlânsk Kampioenskip Junioaren foar ôfdielings fan de KNKB neamd, is in keatspartij foar jongfeinten yn de leeftyd fan 17 oant 21 jier.

Jong Nederlânpartij
holden yn Frjentsjer
sport Keatsen
earste edysje 7 augustus 1910
Temaside  Sport

SkiednisBewurkje

De partij waard foar it earst hâlden yn Frjentsjer op 7 augustus 1910. Lykas de Bûnspartij foar senioaren is ek de Jong Nederlânpartij yn de begjinjierren op ferskate plakken spile. Sûnt 1942 wurdt de partij yn Frjentsjer keatst. Yn de rin fan de tiid binne de leeftydsgrinzen ferromme. Yn de begjinjierren wie de partij allinne foar 17- en 18-jierrigen, tsjintwurdich kinne keatsers oant 21 jier meidwaan. Sûnt 1994 is it ûnder betingsten tastien om jongere spilers ôf te furdigjen.

De partij waard earder ferkeatst op Pinkstersnein, mar sûnt 1969 op de sneon foar Pinkster sadat ek keatsers dy't út prinsipe net op snein keatse oan de partij meidwaan kinne.

Klaverke FjouwerBewurkje

De Jong Nederlânpartij is mei de Freulepartij, de Bûnspartij foar senioaren en de PC ien fan de partijen dy't diel útmeitsje fan it Klaverke Fjouwer. Dat is in bysûndere priis, ynsteld troch de PC, foar keatsers dy't der yn slagje al dy fjouwer partijen te winnen.

WinnerslistBewurkje

Jier Plak Keatsers
2022 Dronryp Mark Minnesma,
Jorn Lars van Beem,
Rick Minnesma
2021 Eksmoarre Christiaan Stremler,
Gerben de Boer,
Pieter Jan Leijenaar[1]
2019 Hijum-Feinsum Giancarlo Teitsma,
Hielke Beijering,
Laas Pieter van Straten
2018 Minnertsgea Marten Bergsma,
Wesley Vriesema,
Herre de Vries
2017 Seisbierrum-Pitersbierrum Durk Ennema,
Pieter van der Schoot,
Joran Gerbranda
2016 Frjentsjer Djurre Seerden,
Allard Hoekstra,
Marco de Groot
2015 Boalsert Julian Faber,
Peter van Zuiden,
Hendrik Bouwhuis
2014 Frjentsjer Kars Zeinstra,
Allard Hoekstra,
Jan Schurer
2013 Sint Anne Krijn Hiemstra,
Rein Hiemstra,
Sjoerd de Jong
2012 Sint Anne Krijn Hiemstra,
Rein Hiemstra,
Sjoerd de Jong
2011 Sint Anne Roelof de Jong,
Pieter Jan Plat,
Sjoerd de Jong
2010 Makkum Hyltje Bosma,
Lennart Adema,
Daniël Kleiterp
2009 Tsjummearum Arnold Zijlstra,
Hans Wassenaar,
Steven de Bruin
2008 Wytmarsum Jacob Zaagemans,
Klaas de Vries,
Gert Jan Meekma,
2007 Wytmarsum Jacob Zaagemans,
Herman Sprik,
Gert Jan Meekma,
Jier Plak Keatsers
2006 Wommels Kees Adema,
Erik Haitsma,
Jacob K. Haitsma.
2005 Wytmarsum Herman Sprik,
Jacob Zaagemans,
René Anema.
2004 Minnertsgea Cornelis Terpstra,
Ruurd de Vries,
Johan Wiersma.
2003 Berltsum Marten Feenstra,
Bauke van der Graaf,
Hielke Gosse Drijfhout
(tsjintwurdich Hielke Miedema)
2002 Minnertsgea Cornelis Terpstra,
Jacob Wassenaar,
Wouter Jan de Roos.
2001 Berltsum Pieter Otte Kingma,
Bauke van der Graaf,
Marten Feenstra
2000 Minnertsgea Cornelis Terpstra,
Jacob Wassenaar,
Wouter Jan de Roos.
1999 Berltsum Auke van der Graaf,
Jasper Boomsma,
Robert Grovestein.
1998 Berltsum Auke van der Graaf,
Jasper Boomsma,
Robert Grovestein.
1997 Berltsum Auke van der Graaf,
Jasper Boomsma,
Robert Grovestein.
1996 Berltsum Auke van der Graaf,
Friso Boomsma,
Robert Grovestein.
...
1994 Tsjummearum Reinoud Monsma,
Peter Zuidema,
Tjitte Bonnema.
1993 Tsjummearum Reinoud Monsma,
Peter Zuidema,
Tjitte Bonnema.
...
1991 Frjentsjer Henk Vlietstra,
Erik Seerden,
Dirk Boomstra
Jier Plak Keatsers
1990 Tsjummearum Christiaan de Rijke,
Peter Zuidema,
Freerk Broekstra.
1989 Huzum Stephan Kleefstra,
Rienk Bijlsma,
Gerben Okkinga.
...
1976 Winsum Sake Saakstra,
Ulbe Dijkstra,
Johannes Andela
...
1966 Harns Gerrit van der Heide,
Gerrit Halbertsma,
Wiebe van Dijk
1965 Harns Gerrit van der Heide,
Piet Kuiken,
Gerrit Halbesma[2]
...
1959 Bitgum Willem de Groot,
Willem Rijpstra,
Meint Zondervan
...
1952 Berltsum S. Faber,
J. Hoitsma,
A. de Haan
...
...
1940 Berltsum E. van der Mei,
S. Spanjer,
J. Veenstra
...
1938 Harns Johannes van der Heide,
Fr. Helfrich,
B. Zuiderhof
1937 Harns Johannes van der Heide,
Fr. Helfrich,
Sj. de Jong[3]
...
1910 Frjentsjer Jan Uldrik Vlietstra,
Ype Aukema,
Michel Hiemstra.

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Nijsberjocht kaatsnieuws redactie op facebook.com
  2. Ljouwerter Krante 31 maaie 1966 Harlinger-juniores weer een; Leeuwarden in finale kansloos (Nederlânsk)
  3. Nieuwsblad van Friesland : Hepkema's courant 14-06-1937, Juniores-partij te Franeker (Nederlânsk)