Erik de Noarman is de namme fan in fiktyf persoan út de lyknammige tekenteltsjerige fan Hans G. Kresse. De rige heart mei Kapitein Rob en Tom Poes ta de 'grutte trije' út de Nederlânske stripskiednis. Yn de Fryske taal binne oant no ta trije dielen út de rige útbrocht troch útjouwerij Le Chat Mort yn Katlyk .

Erik de Noarman op in gevel yn Arnhim

Sawat alle ferhalen binne tekene mei de tekst ûnder de plaatsjes en net mei tekstballons yn de tekening. De strip dy't oarspronklik fan 1946-1964 alle dagen yn de krante ferskine waard sûnt 1948 ek útbrocht as boekjes yn 'oblongformaat'. Foar de priis fan 75 sint fleanen eartiids de dielen, yn de fyftiger jierren, mei hûnderttûzenen oer de toanbank en wie tige populêr.

De ferhalen bewurkje seksje

De ferhalen út de rige fan Erik de Noarman meitsje in stadige ûntwikkeling troch, fan mearkeseftich nei hieltyd mear histoarysk betrouber. De earste ferhalen út de rige binne faak slim histoarysk te tsjutten en befetsje anakronismen. De rige set útein op it legindarysk eilân Atlantis, dat tûzenen jierren lien bestean hawwe soe. De haadpersoan hat dêr te krijen mei tsjoenders en geasten en belibbet in grut tal aventoeren foardat er yn it Romeinske Ryk lânet dêr't er it oan 'e stok kriget mei keizer Kommodus (177-192). Dêrnei komt er yn Noarwegen dêr't eallju yn monumintale kastielen wenje dy't oan de Folle Midsiuwen fan Jeropa tinke dogge. Yn de ferhalen ferskine no ek eleminten út de Noarske en Keltyske mytology. Ut en troch lûkt Erik - faak troch de omstannichheden twongen - derop út en giet op aventoer yn oare parten fan de wrâld.

Healwei de rige, sa om-ende-by it diel De Witte Raaf, komt der mear lyn yn de ferhalen. Kresse giet him dan hieltyd better dokumintearje en wurde syn tekeningen histoarysk betrouder. Ek krije de persoanen yn de letter ferhalen mear djipgong. Fan dat stuit spile de aventoeren harren ôf yn de 5e iuw en yn de omkrite fan it Noard-Atlantyske gebiet, benammen op Britske Eilannen belibbet Erik in protte aventoeren. De legindaryske Britske keningen Fortigern en Artur figurearje yn dizze letter ferhalen. Ek moetet Erik histoaryske persoanen as Attila de Hun en syn tsjinspilers de Romeinske fjildhear Aetius. Teffens ferdwine alle magyske komponinten út de strip.

Wichtige persoanen dy't yn de ferhalen foarkomme bewurkje seksje

  • Winonah - syn frou
  • Pum Pum - de trouwe dwerch
  • Erwin - Erics soan
  • Yark de Stiifhadige - in Noarske ealman mei in opfleanend karakter
  • Halfra - de standsbewuste ealman
  • Akse de Bôgesjitter - freon en rivaal fan Erwin
  • Orm de Roergonger - de pessimistyske stjoerman
  • Ragnar de Reade - de ûnberekkenbere piratenhaadman
  • Cendrach de Skipbouwer - in âlde Keltyske timmerman
  • Svein Langosk - de Saksyske maat dy't graach fjochtsje mei

Yn totaal binne der yn it tiidrek 1946-1964 67 ferhalen fan Erik de Noarman útbrocht. Dêrnei kamen noch inkele ferhalen dy't Erwin, de soan fan Erik giene. De ferhalen oer Erwin binne wol yn de ballontekstfoarm útjaan. Letter, yn 1985, hat noch in Erik-ferhaal ferskine De vrouw in het blauw. Ek inkele ferhalen út de Erik de Noarman-syklus binne troch Hans Kresse bewurke en yn ballonteksten útbrocht.

Erik de Noarman yn it Frysk bewurkje seksje

  • It spoar fan it swurd, it earste diel fan de rige yn it Frysk, oersetting Jan van Houten (1997)
  • It paad fan ´e ferskrikkings (1999)
  • De wei fan ´e ferflokten (2001).

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Boarne:

  • Ynterview mei H.G. Kresse troch H. Noordermeer (1974)

Keppeling om utens