Ernst Sillem Hoeve
De Ernst Sillem Hoeve is in konferinsjehotel oan de Soestdikerwei tusken Den Dolder en Lage Vuursche
Prins Willem Frederik Hendrik fan Oranje liet yn 1871 in hûs sette foar opsjenner. Dat hûs waard it ‘Prins Hendrik Oord’ neamd. Oan de oare kant dêrfan waarden stâlen en in moai koetshûs boud. Yn 1926, sa'n 50 jier letter waard it koetshûs kocht troch it Nederlandsch Jongelinge Verbond (CJV/YMCA Nederlân), as bûtenhûs. It hûs waard by de iepening op 1 july 1926 Ernst Sillem Hoeve neamd. Ernst Sillem wie bankier dy't as ponghâlder in soad foar de YMCA dien hat.
Der hawwe yn de jierren in soad útwreidings en renovaasjes west dy't it eardere koetshûs feroare hawwe yn in hotel.