Lage Vuursche
Lage Vuursche is in doarp yn de gemeente Baarn yn de provinsje Utert. It doarp leit yn in boskrike omjouwing op de Utertse Heuvelrêch, tusken Baarn, Bilthoven en Hilfertsom. It doarp hat, ynklusyf de omjouwing en it Baarnske diel fan Soestdyk, 1460 ynwenners (2004).
Oant en mei 1857 hearde Lage Vuursche ta de gemeente De Vuursche. Yn 1840 hie it 190 ynwenners, dy't yn 15 huzen wennen. Ta de Vuursche hearde ek de buorskip Hooge Vuursche.
Kenmerken
bewurkje seksjeLage Vuursche hat in beskerme doarpsgesicht mei inkele achttjinde- en njoggentjinde-iuwske huzen. De herfoarme tsjerke (De Stulptsjerke) is fan 1650.
Lage Vuursche leit wol op de Utertse Heuvelrêch, mar oan de râne fan de Leechte fan Pijnenburg. Yn de omkriten lizze in tal lângoeden, wêrûnder Kastiel Drakesteyn en Lyts Drakestein (fuort by it doarp), Paleis Soestdyk, it lângoed Pijnenburg, de Ewijckshoeve en Kastiel de Hooge Vuursche. Oan de Kleasterleane stiet it eardere kleaster Kleaster Sint Elisabeth, ûntwurpen troch arsjitekt Van Ooijen, sûnt 1983 yn gebrûk as ferpleechhûs. It kompleks hat ûnder oare in kapel mei brânskildere ramen en in roomsk begraafplak.
De bosken by Lage Vuursche binne foar in part eigendom fan Steatsboskbehear en meitsje diel út fan de boskwachterij De Vuursche. Ek It Uterts Lânskip beheart ferskate gebieten, lykas de Maartensdykse bosk, de Ridderoardske Bosken en de Willem Arntsz-bosk.
Toerisme
bewurkje seksjeIt beskerme doarpsgesicht fan Lage Vuursche lûkt in soad deitoeristen. Toeristen komme net allinnich foar it doarp, mar ek foar de omkriten, wêrûnder it heidefjild De Stulp, de grutte bosken en it paleis, de kastielen en de lângoeden. Dêrneist lûke de restaurants in soad belangstellenden. Benammen pankoeken binne yn Lage Vuursche tige yn trek. It doarp en syn omkriten binne sa populêr, dat it wêze kin dat - yn moaie wykeinen - oan de râne fan it doarp en midden yn de bosk files stean.
-
Lage Vuursche
-
Lage Vuursche
-
Pleats by Drakensteyn
-
Ferpleechhûs Sint Elizabeth
Berne yn Lage Vuursche
bewurkje seksje- Herman Kruyder (1881-1935), keunstskilder, tekener en glêzenier
- Fanny Blankers-Koen (26 april 1918-2004), atlete
Ferstoarn yn Lage Vuursche
bewurkje seksje- Biskop Nierman (15 septimber 1976) emeritus-biskop fan Grins.
- Wouter Paap (7 oktober 1981), komponist
- Lia Dorana (1918-2010), aktrise en sjongster
Literatuer
bewurkje seksje- Frank van den Hoven - De Topografische Gids van Nederland; útjouwerij Filatop, Amersfoort 1997.
Baarn | ||
---|---|---|
Stêden: Baarn • Eembrugge | ||
Doarpen: Lage Vuursche • De Vuursche | ||
Buorskippen: Hooge Vuursche • Soestdyk | ||
· · |